Brân yn camperbus iisspeedwayer Simon Reitsma: "Ik bin der kapot fan"

Brânwacht by camperbus iisspeedwayer Simon Reitsma © Simon Reitsma
"Ik bin der goed kapot fan", fertelt âld-iisspeedwaykoereur Simon Reitsma emosjoneel. De Westhoeker is sneontenacht oan de dea ûntkaam, doe't yn de camperbus dêr't er yn lei te sliepen brân útbruts. Oanstutsen, sa tinkt er.
Reitsma hie fanwege in feestje syn camperbus yn de Beuckelaerstrjitte yn Sint Anne delset. Hy waard wekker fan de reekmelder en koalmonoksidemelder. Op dat momint stie de bus al fol reek. Mei muoite koe er út de camperbus wei komme.
"Yn it tsjuster grypte ik ek noch mis. Gau haw ik de achterdoarren los dien en doe wie de brânwacht der ek al frij rap."
Sebastian Reitsma mei meidwaan oan it EK en it WK © Simon Reitsma
De camperbus rûn grutte skea op troch de brân. Hy stiet no by de plysje foar ûndersyk.
De brân is in grutte strop foar Reitsma, want de bus is krekt opknapt en opnij spuite. Yn de bus kin sliept wurde en de motor kin der ek yn stean.
Sebastian en Simon Reitsma oan it iispeedwayen op de Iselmar © Simon Reitsma
Reitsma is yn 2019 ophâlden mei it wedstriid-iisspeedway. Hy is no trainingsmaat fan de jeugd. Hy soe de bus brûke om mei syn soan Sebastian (16) nei it EK en it WK iisspeedway te gean. Sebastian mei dêr nammentlik oan meidwaan.

Sponsor

"We sitte flak foar it seizoen en wiene al op syk nei in sponsor", leit Reitsma syn penibele finansjele situaasje út. It jild is no, mei de skea troch de brân, noch needsaakliker wurden.
Utbaarnde camperbus iisspeedwayer Simon Reitsma © Simon Reitsma
De camperbus is wol fersekere, mar de opknapkosten binne altyd heger as de fergoeding fan de fersekering, seit er.

"Oanstutsen"

Reitsma tinkt dat de brân oanstutsen is. Under de bus binne doeken mei brânbere floeistof lein of sa, tinkt er. Der binne boppedat tsjûgen en filmkes fan wat der bard is. "It skynt dat ferskate kearen besocht is de bus yn de brân te stekken."
De camperbus wurdt ôffierd foar plysjeûndersyk © Simon Reitsma
Wa't de dieders binne, soe Reitsma net witte: "Ik haw gjin fijannen, foar safier't ik wit." Hy is bliid dat er it neifertelle kin. "Foar itselde hie ik op in oare manier yn it nijs kaam as de melders der net west hiene."
Reitsma hopet dat se fan 't winter wer race kinne. "Oer in wike of acht moatte wy dy kant út."