Nei brân hat Simon Reitsma ien doel: "Kwalifikaasje foar it WK iisspeedway"

Simon Reitsma © Omrop Fryslân
Yn in grutte loads fol wurkbanken, boarmasines, autoûnderdielen, oaljedrums, hout en aluminium yn Sint Jabik stiet yn 'e hoeke in wyt buske. Twa wike lyn baarnde dat buske hast folslein út yn Sint Anne.
No is Simon Reitsma yn datselde buske drok dwaande om it op te knappen foar in trip nei it noarden fan Sweden.
Goed in wike nei't Reitsma de bus werom krige fan de plysje hat er al in soad dien. Sa is de binnenkant hielendal leechmakke en opnij yn de farve setten. Oan it plafond fan de bus is de nije isolaasje al te sjen. "Wij motte met de bus na Sweden toe, helendal na Lapland", laket de âld-iisspeedwaykoereur. "Der wort 't aansen min twintig graden of nag kouwer. Dan hest al wat isolasy norig."

WK iisspeedway

De Westhoeker wol begjin jannewaris ôfsette, mei syn soan Sebastian. Dy mei nammentlik ein jannewaris meidwaan oan de kwalifikaasje foar it wrâldkampioenskip. Dat fynt plak yn it noarden fan Sweden, yn Örnsköldsvik. Yn de oanrin dêrnei ta moat der fansels ek noch traind wurde.
Race tsjin de klok foar âld-iisspeedwayer Simon Reitsma
Foar't it safier is, moatte der ûnder oare noch in keuken, twa bêden en in mobile garaazje ynboud wurde yn de bus. "'t Is fooral betimmering dat d'r allegaar nij in mot. Achterin het 't 'n groate see fan flammen weest, der kinstou niks meer met."

Syktocht nei sponsoren

Reitsma is ôfrûne twa wiken al drok dwaande mei it garjen fan boumateriaal. Rûnom de bus lizze doarren, bumpers en houten platen. Fan de achterljochten binne allinnich noch in pear swartbaarnde triedden te sjen dy't útstekke. "'t Meeste spul hew ik wel, maar 't wort nou passe en mete. En dan gaat 't derna om de ôfwerking. 't Wort krap, maar ik dink dat wij 't oprêde. Ik hew wat help, 't komt goed."
Fyftig jaar na Jan de Vries is ‘t wel ‘n keer tiid foor ‘n nije wereldkampioen fan ‘t Bildt.
Ald-iisspeedwaykoereur Simon Reitsma oer de ambysje fan syn soan Sebastian
De camperbus is wol fersekere, mar dêr hat Reitsma noch neat fan heard. Boppedat ferwachtet er dat de kosten foar it opknappen altyd heger binne as de fergoeding fan de fersekering. "Derom soeke wij aigenlik nag 'n hoodsponsor, want 't bitsy budzjet dat wij hadden, sit intussen in deuze opknapbeurt."
Reitsma is tige grutsk op it feit dat soan Sebastian ein jannewaris meidwaan mei oan de kwalifikaasje. It úteinlike doel fan de famylje is dúdlik. "Fyftig jaar leden hewwe wij hier Jan de Vries had. Die kwam hier út 'e buurt en waar twee keer wereldkampioen in de 50cc-klasse op 'e dyk. 't Wort weer 'n keer tiid foor 'n Bildtse wereldkampioen."