Omrop Fryslân

Mei 120 km/o oer it iis, falpartijen en winnende Friezen: IIsspeedway Thialf hie alles

Sebastiaan Reitsma wint de Roelof Thijs Bokaal
© Omrop Fryslân
Op de motor mei 120 kilometer yn 'e oere oer it iis fan Thialf. Nei in jûn mei falpartijen, emoasjes en sensaasje stean der twa Friezen op it poadium fan de IIsspeedway.
"Dit is echt in dream dy't útkomt", seit Sebastiaan Reitsma wylst hy mei de flagge oer de skouders op it poadium stiet yn de middenbaan fan Thialf.
De ijsspeedway siet fol sensaasje
De 18-jierrige motorcrosser fan De Westhoek belibbet in jûn dy't hy nea wer ferjitte sil. Hy wint syn races, crasht yn syn lêste heat mar pakt úteinlik de titel dochs noch.
"Sûnt ik in lyts jonkje bin, ha ik dit as doel en dêr dogge wy as famylje alles foar. Fantastysk dat it slagget."

Crossfamylje

Sebastiaan komt út in echte crossfamylje. Syn heit Simon Reitsma die jierrenlang mei oan de ijsspeedway.
"Ik ha dan wol senuwen at hy ride moat, hear", seit Simon. "Hast wol mear oan de start stean as doe't ik sels meidie. Dat dit dan no slagget, is geweldich."
De senuwen komme efkes ta in hichtepunt as Sebastiaan Reitsma yn syn heat falt. Hy glydt oer it iis hinne mei de motor yn de hân.
Sebastiaan stiet gau op en lit oan it publyk sjen dat hy neat mankearret. It publyk klapt as hy fan de baan ôfrint.

Op skerp

"Ik gong te skerp troch de bocht en wie de kontrôle kwyt. Dat is dan wol bale, mar it wie wol goed foar my. It wie de lêste heat (in race tusken fjouwer riders) foar de finale. Dat set it allegear efkes op skerp en dat hie ik nedich."
Reitsma is net de iennige Fries dy't it poadium op mei. Yn de finale mei hy ride tsjin trije oaren, wêrûnder Leon Kramer (hikke en tein yn Fryslân). Nei in falpartij moat de finale op 'e nij en komt Kramer úteinlik as twadde oer de streek.
Kramer (L) en Reitsma (R) op it poadium
© Omrop Fryslân
"Ik weet echt niet wat ik moet zeggen", seit Kramer mei de beker yn de hân. "Fenomenaal dit."
Berne yn Aldeholtpea, ferhuze Kramer jierren ferlyn nei Sweden. Dêr pakt hy it motorcrossen op en fernimt er dat hy oanlis hat foar de sport.
"Ik heb een goed team om me heen dat me fantastisch coacht", seit de 21-jierrige. "Dat je dan nu met een tweede prijs staat, is echt geweldig."

Sebastiaan Reitsma winner Roelof Thijsbokaal

Reitsma wint dit jier de Roelof Thijs Bokaal, de ôftraap fan in wykein iisspeedway.
Motorcrossers meie op it iis om út te meitsjen wa't it rapste de rûntsjes ride kin.
It wykein is opdield yn de saneamde Roelof Thijs Bokaal (ien wedstriid op freed) en it WK (op sneon en snein.)
Kramer seach syn twadde plak net oankommen. Hy wie siik en die eins allinnich mar mei om't hy dochs al op It Hearrenfean wie.
"Vorig jaar lag ik er in de eerste ronde al uit en nu dit. Totaal niet verwacht vandaag, want ik kan ook niet goed ademhalen."
"Ik zweet behoorlijk en voel me echt niet fit. Dus dit is een flinke bonus."
Ien fan de races yn Thialf
© Martin de Jong fotografie
Reitsma en Kramer stappe beiden mei in grutte gniis fan it poadium ôf en rinne rjochting 'harren' publyk. Reitsma slacht links ôf nei in groepke minsken mei de Fryske flagge.
"Wy sille jûn echt noch wol efkes in feestje fiere. Ik kin net sizze wat dit foar my betsjut, sa bysûnder is dit. Ik ferjit dit nea wer."
Kramer nimt de ôfslach nei rjochts nei in groep supporters mei in Sweedske flagge. "Maar je hoeft niet bang te zijn dat ik deze provincie vergeet, hoor."
"Friesland zal altijd een plek in mijn hart houden", laket Kramer. "Vooral als ik hier prijzen begin te winnen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.