Omrop Fryslân

Janco kin net sûnder de Zangeres Zonder Naam

Janco kin net sûnder de Zangeres Zonder Naam
De 'keninginne fan it Nederlânske libbensliet' wurdt se neamd, de Zangeres Zonder Naam. En hoewol't de sjongeres al hast 30 jier net mear ûnder ús is, libbet se noch folop foar Janco de Jong (50) fan De Rottefalle.
Want alles dat ek mar wat mei de Zangeres te krijen hat, sammelet hy. En dat giet fan singletsjes en lp's oant foto's, byldsjes en sels de jurken dy 't se oan hân hat by optredens.
Janco seach en hearde Mary Servaes, sa 't de sjongeres yn it echt hjit, eartiids faak op telefyzje yn it programma 'Op Volle Toeren'. Hy fûn har muzyk doe al moai.
Mei de keap fan it earste singletsje begûn de sammeldrift fan Janco.
De jurken fan de Zangeres
De Rottefalster hat de Zangeres sels nea yn it echt troffen. Wol hat hy kontakt mei har famylje, dy't it prachtich fynt dat hy alles sparret en bewarret fan de sjongeres.
Janco hat no tsien jurken fan de sjongeres, dy 't se meastentiids sels makke. It moaiste fynt Janco it om der ek in foto of oare ôfbylding by te hawwen dêr't op te sjen is dat se de jurk draacht.
Wêr't de enoarme kolleksje letter hinne moat, wit Janco ek noch net. "Mar dit mei noait ferlern gean", dat wit hy wol.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.