Sijtze en Angela sammelje alles fan Brigitte Bardot en Rob de Nijs
"Doe't ik wat âlder waard kaam de belangstelling foar froulju. En doe tocht ik, ik ha ek noch wol wat plaatsjes fan Brigitte Bardot, dat fyn ik wol in moaie frou. Dêr moat ik mar mei fierder."
Sijtze Doorenbos (72) fan Drachten is fan jongs ôf oan al in samler. Spjeldsjes, sigarebantsjes, sûkerpûdsjes, fan alles garret er byinoar. Op in sammelbeurs komt op in stuit it besef: 'Ik ha fan alles wat, mar eins fan alles neat'.
As jongeman spitst er him dan hielendal ta op de Franske filmstjer Brigitte Bardot, sekssymboal yn de jierren fyftich en sechstich. Alle oare samlingen jout er fuort.
Hûnderten bleate filmposters
"Doe't ik nei de legere skoalle gie, begjin jierren sechstich, wie der al in ferske 'Brigitte Bardot, Bardooo...' En wy songen dan: '...die heeft ze niet zo, maar zóó', wylst er mei syn hannen in flinke boarstomfang oanjout.
"Dêr wie it eins al in bytsje mei begûn!", laket Sijtze.
De kolleksje fan de samler is ymposant. Tiidskriften, kranten, aansichtkaarten, elpees en singles, DVD's... Alles dêr't de seksy aktrise op stiet hat er wol sawat.
Bysûnder binne ek de hûnderten posters fan films dêr't Bardot yn spile. Sijtze hâldt in poster fan de film La bride sur le cou út 1961 omheech. Op it orizjinele affysje is in sa goed as neakene Bardot te sjen, mar dizze is sensurearre.
Ik tocht 'Wat moat ik dan sizze? Ik sammelje jo?' En ek noch yn it Frânsk, dat kin ik net.
"Yn Súd-Amearika fûnen se 'm te bleat, se hie allinne in hiel lyts broekje oan. Dêr ha se der in soarte fan ûnderguod fan makke."
Yn de húskeamer fan de famylje Doorenbos hinget boppe de bank in manske swart-wytfoto fan in jonge Bardot, lizzend op 'e búk mei in sigaret nonsjalant tusken de fingers bongeljend.
Oan de wand dêrneist hinget in gâns beskiedener ynliste swart-wytfoto, mar dêr stiet in oare bekende persoan op. It is Rob de Nijs. De Nederlânske sjonger is it sammelobjekt fan Sijtze's frou Angela.
Har leafde foar De Nijs begûn yn 1980 fertelt Angela Doorenbos (68).
"Na het werk kreeg ik een lift van een jongeman. Stond er in de auto een nummer op van Rob, 'Het werd zomer'. Dat vond ik zo'n mooi nummer, dat ik eigenlijk daarna alles ben gaan verzamelen over hem. Maar die jongeman is niet mijn man geworden haha!"
Leafde fûn op de samlersbeurs
De sammeldrift fan beiden hat harren ek byinoar brocht. It begûn op in samlersbeurs yn Utrecht.
"By in stand mei aansichtkaarten frege ik nei filmstjerren. Mar ik moast wachtsje op in frou dy't dat steapeltsje yn hannen hie. Ik fernaam dat sy Rob de Nijs sparre, dêr hie ik tocht ik noch wol wat fan, mar dat lei thús."
De samlers wikselje telefoannûmers út om op in letter momint guod te ruiljen, en fan it ien komt it oar. Yntusken binne Sijtze en Angela al wer 40 jier troud.
Angela fynt de foarleafde fan Sijtze foar Bardot net slim. "Sa kenne wy inoar. We witte fan inoar wat we sparje, fan it begjin ôf oan", seit Sijtze.
Angela hat ek alles fan de sjonger en syn eks-frou Belinda Meuldijk, dy't in soad fan syn songteksten skreaun hat.
De earbel fan Rob de Nijs
Neist in grutte kolleksje muzykdragers is der bygelyks ek in bertekaartsje fan Robert, de âldste soan fan Rob en Belinda.
Rob de Nijs was erbij op onze verloving.
Of de seemansearbel, in duplikaat fan de earbel dy't de sjonger altyd yn hie. Angela hat 'm wûn mei in priisfraach oer de sjonger fan in roddelblêd.
Persoanlik kontakt wie der ek. "Toen we verloofden hadden we een diner-dansant in Hillegom en Rob was daarbij. Voor ons trouwen kregen we ook wat items voor de verzameling opgestuurd."
Tegearre geane se ek nei de konserten ta. As de sjonger yn maart 2025 komt te ferstjerren, reizget it echtpear nei it DeLaMar-teäter yn Amsterdam om ôfskied fan him te nimmen.
Yn tsjinstelling ta Angela, hat Sijtze syn idoal nea yn it echt troffen. "Mar dat woe ik ek net. Want ik tocht 'Wat moat ik dan sizze? Ik sammelje jo?' En ek noch yn it Frânsk, dat kin ik net."
Wol ha de Doorenbossen in wike nei Parys west om plakken op te sykjen wêr't de aktrise berne is en wenne hat. "Dy hie 'k yn 't foar allegearre op de kaart opsocht. Dêr binne we hinne gien en ha we foto's fan makke."
Sammeljen ferbynt
Uteinlik giet it it pear ek foaral om de kick fan it sammeljen, krekt dat iene objekt fine dat se noch net ha.
"It hie ek in oar wêze kinnen, mar ik hie al plaatsjes fan Bardot", ferklearret Sijtze syn leafhawwerij.
"Ik vind Rob zijn stem in combinatie met de teksten van Belinda prachtig. Maar ik ben meer een verzamelaar dan een fan", neffens Angela.
En it sammeljen bynt harren as pear ek. "Je bent ook aan het zoeken voor elkaar en het enthousiasme naar elkaar toe, zo van: 'Hé, ik heb weer wat gevonden!'
Sjoch hjir de HEA!-reportaazje oer Sijtze en Angela Doorenbos en harren samlingen:
Brigitte Bardot en Rob de Nijs binne alles foar Sijtze en Angela