Omrop Fryslân

Pytsje sammelet HEMA-servys: "Ik kin hiel Driezum wol fan in bakje foarsjen"

Pytsje sammelet HEMA-servys: "Ik kin hiel Driezum wol fan in bakje kofje foarsjen"
It begûn 13 jier lyn mei in setsje boarden en yntusken stiet de keuken fan Pytsje Hoekstra fan Driezum grôtfol mei hûnderten kopkes, bekers en pantsjes. En allinne mar fan de HEMA.
"Der is safolle fan, en it hat safolle kleuren. It is hiel alsidich", ferklearret Pytsje har leafde foar it diggelguod. "It is ek hiel gewoan, mar myn hobby is net gewoan!"
Yn kringloopwinkels en op Marktplaats fynt se har skatten, mar der moat wol perfoarst it wurd HEMA ûnder stean. Dêrom wurdt alles dêr earst ek omdraaid om der ûnder te sjen.
Fansels krijt Pytsje ek wol guod kado fan har bern en bernsbern. Trije stellingkasten en in hingjend kastje fol hat se no. Der wurdt ek alle dagen fan iten en dronken.
Neffens de sammelster rint de hobby net út de hân. "Mar as it moat, kin ik hiel Driezum wol fan in bakje kofje foarsjen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.