Fan barkruk nei bertekruk, kursus foar manlju oer de 'jungle fan de kreamtiid'
"Ik sjoch yn drogisterijen wolris heiten mei de telefoan yn 'e hân, facetimend mei harren frou, op syk nei kreamferbân."
It foel Trudy Jorna fan Wytgaard wol gauris op hoe'n bytsje ynformaasje of kursusoanbod der is foar oansteande heiten.
En dêrom betocht se sels sa'n swangerskipskursus. "De ferloskundige sei ek: it is in grut gemis dat der neat foar heiten is."
"Yn de kursus 'Van bar- tot baarkruk' krije nije heiten ynsjoch yn 'de jungle fan de kreamtiid', dat se leare wat dat eins is en wat der op harren ôfkomt", fertelt Trudy.
"Want guon heiten ha foardat se sels heit wurde noch noait in poppe yn 'e hannen hân."
Gewoan yn de kroech, oan de stamtafel, mannen ûnder inoar. Mei in stikje drûge woarst derby.
Doe't se sels 13 jier lyn yn ferwachting wie fan har earste koe se allerhande kursussen folgje en oeral wol ynformaasje opdwaan. "Mar al dy ynformaasje is rjochte op de frou en wurdt ek hiel froulik oanbean."
Yn it kafee mei drûge woarst
It brocht har op it idee om de kursus yn harren eigen kafee yn Wytgaard te organisearjen, dat se fiif jier lyn mei har man Jelle kocht hat.
"Gewoan yn de kroech, oan de stamtafel, mannen ûnder inoar. Nochteren en mei humor, en mei in stikje drûge woarst derby."
De kursus giet net allinne oer yn ferwachting wêze, mar ek oer alles dêrnei: "Der is hieltyd minder kreamsoarch, heiten moatte ek leare hoe't je in ruft ferskjinje of hoe't je de poppe yn it badsje dogge."
Yn trije jûnen krije de mannen tekst en útlis fan in ferloskundige oer it swierwêzen, it befallen en de hormoanen.
Relaasje heel hâlde
In kreamfersoarchster leart de nije heiten de twadde jûn wat sy ek allegearre dwaan kinne. "In mem kin in soad, mar it is belangryk dat heiten it ek dogge."
Op de tredde jûn sil in relaasjeterapeut fertelle oer alle feroarings dy't op je ôfkomme as je heit en mem wurde. Troch de posysje fan de poppe yn de húshâlding feroaret der ek wat yn de relaasje.
"Je komme yn tropejierren, en hoe hâlde je dan net allinne it servys, mar ek je relaasje hiel", laket Trudy.
En as alle poppen der dan úteinlik binne, wol Trudy noch in 'Vrijmibabo' hâlde, in 'vrijdagmiddagbabyborrel'. "In middei foar de heiten oan de stamtafel, mei de poppen derby. Miskien wurdt it wol de earste kear yn de kroech foar dyn bern."
Net sweverich
Oan neisoarch is ek tocht. Der komt in groepsapp dêr't alle heiten yn sitte, mar ek de saakkundigen. "As der dan fragen binne of se tinke: Ik wit it even net mear, dan kinne se appe nei ien fan ús of de oare heiten."
"It wurdt nochteren, praktysk en earlik, mar foaral ek mei humor en net sweverich", Trudy sjocht der nei út.
De kursus yn it kafee fan Wytgaard set yn jannewaris útein.