Omrop Fryslân

Lianne Zandstra oer de dream dy't gjin werklikheid waard: ​​​​​​​"Ik woe mem wurde"

Lianne Zandstra mei har boek 'Storm voor de stilte'
© Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
In soad minsken kenne har as aktrise of sjongeres. Sûnt koart kin Lianne Zandstra ek 'skriuwster' op har cv sette. Yn Storm voor de stilte beskriuwt se de wrakseling om in bern te krijen.
It boek dat se útbrocht hat, is skreaun yn deiboekfoarm en is bytiden rau en yntym. Mar der stean ek luchtiger fragminten yn.

In namme foar in famke dat der net is

Yn it boek skriuwt Lianne net allinnich oer harsels en de medyske mûne dêr't se trochhinne giet, mar ek oer en oan ien dy't der nea komt: har bern.
"Loeka is myn famke. Dêr skriuw ik nei", fertelt se.
"De namme hie ik al. Earst wie Loeka gewoan it famke dat ik yn gedachten al hie. Letter yn it kreative proses haw ik besletten om har der yn te skriuwen. Dan wurdt se in personaazje."
Aktrise, sjongeres en skriuwster Lianne Zandstra
© Harold Pereira
As Lianne noch gjin partner hat, skriuwt se har yn foar it trajekt om in BAM-mem te wurden: in 'Bewust Alleenstaande Moeder'.
"Ik woe sa graach mem wurde", seit se.
De dei nei't se dy stap set hat, komt se har grutte leafde tsjin. "Hy woe ek hiel graach in berntsje. Wy woene heit en mem wurde."

Ferwachting en ferlies

It begjin liket hoopfol. Lianne rekket sûnder medyske help yn ferwachting.
Yn earste ynstânsje haw ik it foar mysels opskreaun om myn gedachten te oarderjen.
Lianne Zandstra
Mar de blidens slacht al gau om yn fertriet: Mei fiif wiken krijt se in betide miskream.
"Ik wie doe hast 40 jier en de spesjalist sei doe dat der medyske stipe nedich wie, omdat myn aaikes al âld wiene.

Medyske mûne

Wat folget is in trajekt fan jierren fan behannelingen, ôfspraken yn it sikehûs, hertstochtlike hoop en op 'e nij ferlies.
Se skriuwt alles op. Fan de pine en it fertriet oant de lytse mominten fan hoop.
"Yn earste ynstânsje haw ik it foar mysels opskreaun om myn gedachten te oarderjen."
Se skriuwt oer de feitlike saken: de ôfspraken yn it sikehûs, de behannelingen dy't se dêr krijt, hoe't it nei sa'n behanneling fierder giet.
It kin in hiel trajekt wêze om yn ferwachting te reitsjen
© Omrop Fryslân
Se skriuwt ek oer har gefoelens en gedachten.
"Ik skriuw al hiel lang. Doe't ik in lyts famke wie, skreau ik alles al op. It is foar my in wize om alles op in rychje te krijen, om struktuer oan te bringen."

Henry it skiep

Om de lêzer net hielendal yn it fertriet mei te lûken, soarget Lianne der ek foar dat der lucht yn it boek sit.
Dat fynt se ûnder oare yn Henry, in skiep dat yn it ferhaal opdûkt.
"Henry wol gewoan skiep wêze. Dat is syn wrâld, dat fynt er belangryk. Hy soarget foar de relativearring en makket it allegear wat draachliker."
It boek dat Lianne Zandstra skreau oer de wrakseling om in bern te krijen
© Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Lianne en har man moatte it úteinlik opjaan. Der komt gjin berntsje en se pakke it 'gewoane' libben wer wat mear op.

Spontaan yn ferwachting

En dan, yn de simmer fan 2016 is Lianne ynienen spontaan swier.
"Wy wiene sa ferskuorrend bliid... Wy hawwe lake, gûld en we lieten inoar net mear los. En doe, nei in pear dagen, gie it wer mis."
Ik waard sa troch de mangel helle. Krekt as waard ik alle kearen omtreaun en moast ik mar wer besykje om oerein te kommen.
Lianne Zandstra
Lianne hat op 'e nij in miskream. "Dat wie ek it momint dat it net mear goed gie. Ik waard sa troch de mangel helle. Krekt as waard ik alle kearen omtreaun en moast ik mar wer besykje om oerein te kommen."
De lêzer fan it boek giet mei yn dy hoop. Dy tinkt ek dat it goed komt, mar it komt net goed.

Taboes trochbrekke

It boek is mear as in persoanlik ferhaal.
Lisanne wol mei Storm voor de stilte ek in maatskiplik tema oansnije.
"Ien op de seis stellen wrakselet mei dat se net in berntsje krije kinne. Mar it is in tema dêr't net oer praat wurdt. It is in taboe."
"De wrâld is ynrjochte op it krijen fan bern, it liket sa fanselssprekkend. Dus der is ûngemak om it deroer te hawwen."
Op in echo kinst sjen oftst yn ferwachting bist
© stockfoto
Se soe graach wolle dat der mear romte komt foar fragen en iepen petearen.
"It soe al moai wêze as minsken der wat mear nei freegje. Dan sitte je beiden miskien yn dat ûngemak, mar dat is dan sa. Dan is der yn alle gefallen oandacht foar", seit se.
"Ik tink ek dat minsken dy't muoite hawwe mei it krijen fan bern in ferantwurdlikheid hawwe om dêr sels wat iepener oer te wêzen."

Leafde as rêchbonke

It hat in yngripende tiid west foar Lianne en har man.
Mar ik wist ek: hy lit my noait los, en ik him net.
Lianne Zandstra
Fansels hat it ek ynfloed hân op harren relaasje.
Mar, seit se: "Wy binne in team. Somtiden wie hy fierder as ik, en dan fielde it wol iensum. Mar ik wist ek: hy lit my noait los, en ik him net. Dus ja, wy rinne wolris útinoar, mar wy komme altyd wer byinoar."
Troch dy rêchbonke fan leafde fielt se no, nei jierren fan ferwachtsjen en teloarstellingen, wer romte.
Lianne Zandstra skreau in boek oer de wrakseling om in bern te krijen
© Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Romte foar kreative projekten, foar muzyk, foar teäter. En foar it dielen fan dit ferhaal.
"Ik bin echt bliid dat it boek der is. Dat it foar my rûn is. Der is no safolle romte, dat ik wer oan oare dingen tinke kin."

Fan rou nei sinjouwing

"It ferlies fan in dream rekket elke fezel fan it lichem", seit se.
Mar de wurden dêrfoar fine, is in proses fan jierren.
No pas fiel ik: ik kin fertelle wat dit mei my docht.
Lianne Zandstra
"Ik haw dy jierren nedich hân, want earst hie ik dy wurden noch net. Krekt as siet der wat tusken, in muorre of sa. No pas fiel ik: ik kin fertelle wat dit mei my docht."

Lianne Zandstra

Lianne Zandstra is hikke en tein yn Stiens yn 1970. Sy studearre oan de Academie voor Kleinkunst in Amsterdam.
Op har portfolio steane ûnder oare rollen yn de musical Pippi Langkous en de toanielfoarstelling Jane Eyre. Se spile jierren de haadrol yn de famyljeshows fan it Dolfinarium.
By Tryater spile se yn De Kening fan neat, De Ynbylde Sike, Wát in Teater, Yerma, Op Syk nei Mohammed, De striid om de Sulveren Bal en Thúsfront.
Op telefyzje sjogge we har njonken gastrollen yn Baantjer, Flikken Maastricht en Toen was geluk heel gewoon as Afke Baas yn de Fryske dramasearje Baas Boppe Baas.
It boek Storm voor de stilte is te keap by de online boekwinkels, op de side fan de útjouwer en op de side fan Lianne sels.
Troch har ferhaal te dielen, wol Lianne ek oaren helpe. Net troch antwurden te jaan, mar troch werkenning te bringen.
"Ik bin bliid dat ik in bytsje treast en werkenning bringe kin. Dat jout my sinjouwing."
It boek dat Lianne Zandstra skreau oer dy jierren fan wrakseling hat gjin 'happy end', mar it is wol in earlik, moedich ferhaal oer hoop, ferlies, fertriet en trochgean.

Lianne fertelt oer har boek

Yn ús programma Buro de Vries is in reportaazje mei Lianne te hearren. Buro de Vries wurdt útstjoerd op snein om 11.00 oere en wurdt werhelle op sneintejûn om 21.00 oere.
De reportaazje is dêrneist ek as podcast publisearre.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.