Alles feroare doe't Hilly in bern mei hertôfwiking krige: "Se is gjin projektsje"
Hilly Elzinga-Linstra fan Drachten waard lanlik bekend doe't sy in petysje begûn om it bernehertsintrum yn Grins te behâlden. No hat se it ferhaal fan har dochter mei in seldsume hertôfwiking beskreaun yn in boek.
It boek 'Dagboek van een geboorte' giet oer in húshâlding dat hiel trochsneed liket: in heit en in mem, beiden in goede baan en twa sûne dochters.
"We wiene in hiel gelokkige en stabile húshâlding. Wy giene mei de bern nei muzykles, nei de sportferiening, wy hiene moaie fakânsjes... Hiel gewoan. Doe rekke ik noch in kear yn ferwachting en alles feroare nei de echo op tweintich wiken", fertelt Hilly.
Ik koe allinne mar gûle en ik wie oerstjoer.
"Ik gie dêr hiel nayf hinne. Earst sei de frou dy't de echo makke dat se net snapte wat se seach. Doe tocht ik noch dat wy ien útsocht hiene dy't it net iens koe. Letter die bliken dat sy al in soad dingen seach en oan it wrakseljen wie mei hoe't se ús dat fertelle soe."
Hertôfwiking
De mage en de lever sitte krekt ferkeard om, mar dat is net alles. "Doe gie se nei it hertsje en bleau se mar sjen. Se seach mar en se seach mar en se sei neat. Uteinlik sei se dat se de bloedfetten net seach en dat se net krekt wist wat der no oan de hân wie."
It wie it momint dat alles op 'e kop setten hat. "Se hat noch sein dat se daliks it UMCG belje woe, mar wat der fierder noch bepraat is, dat wit ik net mear. Ik koe allinne mar gûle en ik wie oerstjoer. Ik tocht: wat bart hjir? Wêrom is myn bern net sûn?"
Der waard ús frege: wolle jimme it überhaupt wol hâlde? Doe tocht ik: wat is dit foar rare film?
Yn Grins seach in gynekolooch dat alles ferkeard om lei en dat net alle ieren te sjen wiene. Mar wat der krekt mei it hertsje oan 'e hân wie, dat wie doe noch net dúdlik.
"Hy sei tsjin ús dat se dat pas witte as de poppe der út is. Doe kamen wy yn it senario fan: is it wol libbensfetber, is der in gromosoomôfwiking? Der waard ús frege: wolle jimme it überhaupt wol hâlde? Doe tocht ik: wat is dit foar rare film?"
Yn har boek beskriuwt Hilly ek dat it har sear die hoe't der yn it UMCG oer har poppe praat waard.
Se begrypt it no better, mar op dat stuit kwetste it har. "Foar ús wie it de earste kear, mar dêr komme se alle dagen sokke drege gefallen tsjin."
It rekke Hilly. "Foar my kaam it hiel gefoelleas oer. Ik stie hielendal perpleks en ik tocht: hallo, do hast it wol oer myn bern. Dus ik wit net watsto allegearre wolst, mar myn bern is wol myn bern."
Unwissens
Oant de berte wisten Hilly en har man net wat der barre soe en hoe't it allegearre ferrine soe. It famke koe libbenleas op 'e wrâld komme, se koe efkes libje, se koe in healjier libje. It pear moast oeral op taret wêze.
De befalling wie hiel spannend en it hie ek twa kanten, fertelt Hilly. "Oan'e iene kant bist mei dysels dwaande en oan de oare kant bist mei dy lytse dwaande."
Yn 't foar wiene der dúdlike ôfspraken makke. "Myn man soe by har bliuwe. Wy wisten yntusken wol dat it hiel seldsum wie wat se hie, dus wy hiene tsjin inoar sein: se is gjin projektsje, se meie gjin testen of wat ek mar mei har dwaan. Dêrom moast myn man ek by har bliuwe."
Ik tocht: nei al dizze ellinde noch in keizersneed, dat dogge we net.
De lêste wiken fan it yn ferwachting wêzen waard it popke yn Hilly har búk goed yn 'e gaten holden. Mei 39 wiken waard besletten om de weeën op te wekken, omdat se it hertsje net mear goed hearden.
Sy hie it swier, de befalling woe net goed trochsette. Hilly besleat om in rêchprik te freegjen. Dy krige se en doe gie it flugger, mar de berte sels woe noch hieltyd net.
Hilly: "Doe begûnen se it oer in keizersneed, mar ik tocht: nei al dizze ellinde noch in keizersneed, dat dogge we net."
'Dagboek van een geboorte' fertelt it ferhaal fan in trochsneed húshâlding, fan wa't it libben fan de iene op de dei feroaret nei de berte fan in bern mei in hertôfwiking.
It boek is skreaun as deiboek en beskriuwt it proses fan it swierwêzen en de befalling oant de earste operaasje fan de poppe. It ferhaal leit de klam op de emoasjes fan de mem. It boek is yn eigen behear útjûn en te bestellen fia hillyelzingalinstra@outlook.com.
Hilly set alles op alles en it famke komt fia de gewoane wei op 'e wrâld. "Se leine har op myn búk en alles wie slop. Dus ik sei: ik wit net foar wa't jimme dit dogge, mar as it foar my is, dat hoecht foar my net. Nim har asjeblyft mei."
"Myn man hat letter ferteld dat se har reanimearre hawwe, dat se mei fan alles dwaande wiene en dat it wol even duorre foar't der wat libben yn kaam."
De poppe waard noch efkes by Hilly brocht. Hielendal yn foly wuolle, om har waarm te hâlden. Dêrnei gie se nei de intensive care, want de neonatology-ôfdieling wie fol.
Hilly har man gie mei nei de IC. "En doe lei ik dêr. Mar dêr haw ik net iens hiele rare oantinkens oan, hear. Ik tocht mear: se is der noch, se is der libjend útkaam. Dat is stap ien, dat is slagge."
Efterstefoaren en spegele
Deselde nacht noch is it hertsje fan de lytse poppe yn kaart brocht. It hert leit efterstefoaren en is spegele. Gewoanwei is it linkerboezem-linkerkeamer en rjochterboezem-rjochterkeamer. By Feline - sa hjit se - is it diagonaal: rjochterboezem-linkerkeamer en linkerboezem-rjochterkeamer.
Boppedat misse der in hiel soad oanslutingen fan ieren en slachieren. Fierder hat Feline organen dy't oarsom yn 'e búk lizze en mar ien nier.
Feline hat no trije swiere operaasjes efter de rêch en de fjirde sit der oan te kommen. Se is no seis jier âld en giet yn Lyndensteyn yn Beetstersweach nei skoalle.
Se hat mar in lyts bytsje enerzjy en krijt sondefieding en medisinen mei in peg-sonde, dat is in slankje dat fia in lytse sneed yn 'e búk yn de mage útkomt.
It bernehertsintrum yn Grins
Hilly Elzinga-Linstra wol oare âlden fan groanysk sike bern helpe. De driging dat it bernehertsintrum yn Grins slút, hat de earste stap west.
"Doe't ik hearde dat it hertsintrum yn Grins ticht soe, wiene wy krekt út it sikehûs wei, nei har tredde operaasje. Se hie hiel lang op de intensive care lein, se hie in soad komplikaasjes."
Doe tocht ik: Hilly, ast wat wolst, dan moatst der wat oan dwaan.
"Dan komst thús en bist bliid dat dyn famke eindelik thús is, en dan hearst dat it bernehertsintrum ticht giet... Ik koe der net fan sliepe. Doe tocht ik: Hilly, ast wat wolst, dan moatst der wat oan dwaan. Meist wol seure, mar moatst ek wat dwaan. Midden yn de nacht haw ik doe in petysje opset."
Neffens Hilly wie dat it momint dat se har realisearre dat se ek wat goeds dwaan kin mei alle ûnderfining dy't se hat mei in slim siik berntsje.
In misje
De petysje waard leafst 262.000 kear ûndertekene. "Myn misje is echt om oare minsken ek in stim te jaan. Dus ik lit no sels myn stim hearre en ik soe it noflik fine as oare minsken dat ek dogge."
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. Dizze reportaazje is ek publisearre as podcast.
De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.