Meditearje kin no ek yn it Frysk: “Slút de eagen, lit alles mar swier wurde”

Anna-Maria Heidbuurt oan it meditearjen tusken de pompeblêden
Anna-Maria Heidbuurt oan it meditearjen tusken de pompeblêden © Eigen foto
Ta rêst komme of yn sliep falle mei in Fryske meditaasje yn 'e earen. Anna-Maria Heidbuurt út Ljouwert kaam op it idee en gie foar de mikrofoan sitten.
"Ik hâld sels hiel bot fan de saneamde 'geleide' meditaasje", fertelt Heidbuurt. "Dat is in meditaasje dêr't ien dy fertelt watst dwaan moatst. Wêr'tst dyn oandacht op rjochtsje moatst of wêr'tst oan tinke moatst."
Der binne genôch fan soksoarte 'geleide' meditaasjes op podcastapps te finen en se wurde ek troch in hiel soad minsken brûkt, mar se binne yn it Nederlânsk.
"Frysk is myn memmetaal en stiet it tichtste by my", leit se út. "Meditearje doch ik dan ek it leafst yn it Frysk. Sa betocht ik de Fryske meditaasjepodcast."
Bern kinne ek in soad baat ha by in meditaasje.
Anna-Maria Heidbuurt
Har sweager, muzikant Daniël Kolk, soarge foar de muzyk en de montaazje. Op it stuit binne der trije Fryske meditaasjes online te finen: in sliepmeditaasje, in moarnsmeditaasje en in bernemeditaasje.
Anna-Maria Heidbuurt nimt har podcast op
Anna-Maria Heidbuurt nimt har podcast op © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
"Bern kinne ek in soad baat ha by in meditaasje", fertelt Heidbuurt. "Myn eigen soantsje is soms noch hiel drok as er op bêd giet en dan doch ik in meditaasje mei him. Dat helpt him om rêstich te wurden en yn sliep te fallen."
De moarnsmeditaasje is bedoeld foar minsken dy't op in bewuste wize de dei opstarte wolle en de sliepmeditaasje is der krekt foar om rêstich en mei in lege holle sliepen te gean.

1.300 kear beharke

De Fryske meditaasjepodcasts stean sûnt ein jannewaris online en binne yntusken sa'n 1.300 kear beharke, in oantal dêr't Heidbuurt hiel wiis mei is. "Ik krij in hiel soad reaksjes en ik bin dan ek fan doel om mear op te nimmen."
Sa is se ûnder oaren fan doel om noch in kuiermeditaasje te meitsjen.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis.
De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.