Hoe't Fryslân wrakselet mei Israel en Gaza: "Neat dwaan helpt ek net"
Alle wiken wurdt yn Ljouwert demonstrearre tsjin de oarloch yn Gaza. Soms by de Waag, dan wer by de LOVE-fontein oan it stasjonsplein. "De skouders oplûke, dat kin net."
De aksjefierders swaaie mei flaggen, meitsje kabaal mei potten en pannen, lêze yn alle rêst nammen foar fan slachtoffers, mar se raze ek yn flamjende sprekkoaren.
It liket allegear te kommen út machteleazens, mar se steane der wol alle wiken. "Neat dwaan helpt ek net", seit ien fan har.
Elk dy't in better idee hat, is wolkom. "Graach sels! Mar thús bliuwe, dit ûnrjocht mar bestean litte en de skouders der wat oer oplûke, dat kin net."
Besoarge boargers
De organisaasje is yn hannen fan 'losse' frijwilligers. Guon ha in bân mei de Fredesbeweging, Fryslân for Palestine, de Dolle Mina's of De Rode Lijn. Mar it giet benammen om besoarge boargers, fertelt Femke Molenaar, fraksjefoarsitter foar GroenLinks yn de gemeenteried fan Ljouwert.
"Deze mensen zijn heel divers, maar hebben allemaal hetzelfde doel: dit moet stoppen."
Voor wie er nog leeft, is het een hel.
Ellen de Bruin is ien fan de driuwende krêften efter de organisaasje. Se is ferbûn mei de Dolle Mina's en De Rode Lijn.
"Wij komen in beweging om mensen wakker te schudden. Wij horen ook terug dat het ons lukt om mensen te verbinden. Zij gaan van radeloosheid naar trots, omdat ze wél iets blijken te kunnen doen."
"Dat is toch onmenselijk?"
"Wij laten onze stemmen horen. Dat klinkt ook door in Den Haag. En er komen verkiezingen aan", stelt se hoopfol.
In Palestyn dy't der ek altyd by is, fertelt dat hy by de oarloch al 35 leden fan syn famylje ferlern hat. "En voor wie er nog leeft, is het een hel: er is geen water en geen eten, zelfs niet voor baby's. Dat is toch onmenselijk?"
In oare demonstrant swaait mei in Palestynske flagge dy't healweis oergiet yn de Fryske. "Ik bin Friezinne en meitsje my al jierren drok om it ûnrjocht dat yn Gaza plakhat. Dizze flagge drukt dat út: sawol myn eigen roots, as dy fan de troffen regio dêr't ik my sa ferbûn mei fiel."
Njonken har wiist in oare aktivist op de dûbele maat dêr't Nederlân mei mjit, neffens har. "Tegen Rusland namen ze - terecht - meteen allerlei maatregelen na de inval in Oekraïne. Maar tegen Israël doet men dat niet. Daar laten ze dit maar gebeuren, dat kan toch niet?"
Groeiende groep
Femke Molenaar fertelt dat sy, krekt as in soad oaren, it nijs oer dizze oarloch in skoftsje net mear folget.
Mar se wol de kop net yn it sân stekke: "Er is zoveel leed en onrecht, dat schreeuwt om een tegengeluid. En het is niet alleen een hartenkreet, je voelt hier ook onderlinge betrokkenheid. Wij laten het er niet bij zitten en zien onze groep ook steeds groter worden."
As Hamas de gizele Israelys frijlitten hie, wie it geweld al lang opholden.
In eintsje fierderop yn Ljouwert hat âld-bou-ûndernimmer Arjen Lont syn 'konsulaat'. Lont is op frijwillige basis honorêr konsul fan Israel foar de noardlike provinsjes. Yn dy funksje fertsjintwurdiget hy de ambassade fan Israel by allerhande organisatoaryske saken.
Lont stiet folslein efter it optreden fan it Israelyske regear ûnder lieding fan premier Benjamin Netanyahu. Neffens Lont kin it net oars, omdat de terreurbeweging Hamas noch altyd as doel hat om Israel te ferneatigjen.
As Hamas de gizele Israelys frijlitten hie, wie it geweld neffens Lont al lang opholden.
Lont sjocht dat Netanyahu him op deselde wize opstelt as presidint Trump fan Amearika. "Beiden sette harren eigen lân op it earste plak. Oft dat goed is of fout is, is net oan my om te beoardieljen", stelt Lont.
"Mar ik respektearje it wol. As Netanyahu dat net dwaan soe, komt der takom jier wer in oanfal fan Hamas en it jier dêrop wer."
Optreden Israel 'vulgair en barbaars'
In hiel oar lûd oer it optreden fan it Israelyske regear komt fan André Boers. Boers waard yn Fryslân bekend fia it ferhaal fan syn Ljouwerter famylje, sa't dat troch Auke Zeldenrust optekene is yn it boek De Joodse Bruiloft. Dat barde nei't in fergetten filmke út 1939 opdûkt wie.
Sûnt dy tiid is Boers noch sterker ferbûn mei Ljouwert, de stêd fan syn mem en pakes en beppes. Hy komt hjir noch geregeld. Neffes Boers is it optreden fan it Israelyske leger like "vulgair en barbaars" as wat Hamas op 7 oktober 2023 die.
Dy oanfal hat it lân doe traumatisearre, stelt Boers.
"Door de eeuwen heen was het Joodse volk al opgejaagd en was er sprake van Jodenhaat. Na de Tweede Wereldoorlog dachten we dat dit voorbij zou zijn omdat we een eigen veilig land kregen, dat we ook zelf konden verdedigen. Dat is een groot misverstand gebleken."
"Hamas al lang verslagen"
De reaksje op it geweld fan Hamas op 7 oktober wie yn earste ynstânsje begryplik, fynt Boers. "Na zoiets sla je terug. Maar inmiddels is Hamas al lang verslagen en hun leiderschap om zeep geholpen. Toch gaan we door en door en door."
It is in misfetting dat de folsleine Israelyske befolking it iens is mei it belied fan Netanyahu. "De helft van het land steunt het barbaarse beleid en vindt dat zelfs alle aanhangers van Hamas moeten worden uitgeroeid. De andere helft vindt dat je niet een volk kunt uitroeien en al helemaal geen ideaal."
Ik verwacht dat er ooit van binnenuit wel iets zal gebeuren dat ons in rustiger vaarwater brengt.
Boers makket him grutte soargen oer syn lân. Hy sjocht dat Netayahu him hieltyd mear as in diktator gedraacht en him fan krityske poartewachters ûntdocht.
Weagen yn skiednis
"Wie de kritische inwoners van Israël wil helpen, moet wegen zoeken om de oppositie hier te ondersteunen. Aan het annuleren van deelname aan een Songfestival of zo hebben we helemaal niks."
Boers hâldt wol de hoop dat it op termyn goedkomt. "Alles komt en gaat in de geschiedenis vaak in golven. Ik verwacht dat er ooit van binnenuit wel iets zal gebeuren dat ons in rustiger vaarwater brengt. Maar dat zal helaas nog wel even duren."
Dit ferhaal as podcast
De ferhalen fan de demonstranten, fan Lont en fan Boers binne as radiodokumintêre optekene foar it radioprogramma Buro de Vries. Dat is ek as podcastôflevering werom te harkjen op de bekende platfoarms.