Is it fiifde plak helber foar Hearrenfean? "Dat spreken we uit", seit trainer Robin Veldman
sc Hearrenfean hie in minne start, mar it hie snein fierder gjin inkelde muoite mei Heracles Almelo. Mei it puntferlies fan Ajax is de fraach no: is it fiifde plak noch helber foar de ploech fan Robin Veldman?
"Met nog vijftien punten te gaan is het haalbaar", seit de Hearrenfean-trainer. "Dat moeten we uitspreken, we hebben de kwaliteit om het te halen."
De wedstriid tsjin Heracles Almelo wie wat dat oanbelanget in formaliteit foar Hearrenfean. Nei in misstap fan Vasilios Zagaritis en keeper Bernt Klaverboer sette de ploech de efterstân gau rjocht.
Fiif minuten nei it skoft wie de wedstriid spile doe't Maxence Rivera de 4-1 makke.
"Als je naar het hele spelbeeld kijkt, winnen we terecht", seit Veldman. "Ik vind dat we mooie goals maken, de ingestudeerde hoekschop vloog erin."
Robin Veldman nei de wedstriid tsjin Heracles Almelo
Dochs duorre it lang foardat Veldman genietsje koe fan de oerwinning. "Ik wil een signaal afgeven dat we van 4-1 ook naar 5-1 en 6-1 moeten."
"Als je kijkt naar de kansen, had dat gekund en dat is ook onze ambitie."
Robin Veldman olé olé
Fan Veldman is bekend dat er leaver net op de foargrûn stiet, mar nei de wedstriid waard hy dochs efkes nei de foargrûn treaun en song it publyk 'Robin Veldman olé olé' foar him.
"Ik hoef niet zo nodig op de voorgrond, maar vind de waardering heel mooi en geniet daar ook wel van. Ik ben het hoofd van de staf en de selectie, maar het is niet zo dat ik het alleen doe."
Veldman is mei de holle alwer by de folgjende wedstriid, de tige wichtige útwedstriid tsjin AZ. Dat is de striid om it sechde en miskien wol it fiifde plak, want Ajax ferlear sneon yn eigen hûs fan FC Twente.
"Wij hebben zondag AZ en dan moeten we top zijn, we mogen niets laten vallen", seit Veldman, dy't syn spilers moandei gewoan op de klup ferwachtet.
Maxence Rivera fielt him hieltyd mear thús op It Hearrenfean
Maxence Rivera tekene foar de 4-1 en makke dêrmei syn fjirde kompetysje-goal yn Fryske tsjinst. It wurdt hieltyd mear dúdlik dat de Frânske spiler him thús fielt yn Hearrenfean.
"Dat kloppet wol", seit er. "Ik fiel my hjir goed, ik kin myn ploechgenoaten no perfekt en dêrtroch wurdt it hieltyd better."
Rivera wol noch net sjen nei it fiifde plak. "Earst wolle wy de play-offs feilich stelle, dêrnei sjogge wy wol wat mooglik is. Fansels dogge wy ús bêst om alle wedstrijden te winnen, ik hoopje dat it slagget."
24 kear sketten
It hie in monsterskoare wêze moatten, dat wie ien fan de seldsume kritykpunten op it spul fan Hearrenfean sneintemiddei.
"Bij vlagen was het heel goed, maar soms ook traag en dan viel het spel stil", seit oanfierder Joris van Overeem.
De Feansters skeaten 24 kear, 14 dêrfan wienen op de goal fan Heracles-keeper Remko Pasveer. "Ik denk dat we heel scherp waren en van onderschatting geen sprake was, maar we hadden meer goals kunnen maken."
Joris van Overeem fynt dat Hearrenfean mear skoare moatten hie
"Ook voor de 0-1 hadden we meer moeten scoren", fynt Van Overeem. "We hebben veel gecreëerd, maar we hadden meer moeten maken."
Mar by Hearrenfean stiet it fizier al op AZ, safolle is dúdlik. Dat is in wedstriid dêr't de Hearrenfean-spilers no al nei ta libje.
"Ik heb daar van mijn 12e tot 23e gezeten, het wordt een heel mooie krachtmeting", seit Van Overeem.