Liveblog | 5 april

Lês werom: Hearrenfean komt minne start te boppe en wurket oan fertrouwen tsjin Heracles (4-1)

sc Hearrenfean hie in minne start, mar wûn sneintemiddei sûnder folle muoite fan in earmoedich Heracles Almelo. It waard 4-1. Lês hjir it bloch oer de wedstriid werom.

Lêst bywurke: 5 april, 16:28
16:28

Hearrenfean komt minne start te boppe en wurket oan fertrouwen tsjin Heracles

Jacob Trenskow makke de 1-1
© Orange Pictures
It begjin fan de wedstriid wie min, mar sc Hearrenfean hat sûnder in hiel soad muoite te dwaan sneintemiddei wûn fan Heracles Almelo. Yn it Abe Lenstra Stadion waard it 4-1.
Fuotbaljend wie Hearrenfean in stik better dan de hekkesluter fan de earedivyzje, mar dochs kamen de gasten út Almelo op foarsprong. It grutste oandiel yn dy goal wie foar it Hearrenfean-duo Bernt Klaverboer en Vasilios Zagaritis.
Dy lêste ferspile de wedstriid op in min plak wêrnei't Klaverboer de bal net kontrolearje koe en Mario Engels de 0-1 binnen skeat.
Lang duorre it net foardat Hearreanfean de minne start fergetten wie: út in hoekskop makke Jacob Trenskow nei 35 minuten gelyk.
Noch foar it skoft kaam de thúsploech op foarsprong. Lasse Nordas skeat de penalty binnen dy't Hearrenfean krige.
Nei it skoft wie it ferset fan Heracles folslein brutsen; nei amper in minút fuotbaljen makke Nordas de 2-1, dy't op namme fan keeper Remko Pasveer kaam.
In pear minuten letter sette Maxence Rivera de einstân op it boerd: 4-1.
Hearrenfean hâldt dêrmei sicht op it fiifde plak yn de kompetysje.
16:29

90+2' It is dien, Hearrenfean wint fan Heracles

De einstân yn it Abe Lenstra Stadion: 4-1.
16:21

85' Trenskow en Nordas ek rjochting de bank

Eser Gürbüz en Luca Oyen komme deryn foar de lêste minuten.
16:15

79' De wedstriid kabbelet nei de ein ta

Hearrenfean liket it wol bêst te finen en Heracles kin net folle better. Noch in goeie tsien minuten yn it Abe Lenstra Stadion
16:06

76' Willemsen en Zagaritis binne klear

Sy geane rjochting de bank

Hrystian Petrov en Mats Egbring komme yn it fjild.
16:02

66' Trenskow moat syn twadde meitsje

Fan de linkerkant ôf sjit Trenskow, mar Pasveer leit yn it paad.