Klaverboer útroppen ta talint fan de moanne yn de earedivyzje
Hearrenfeankeeper Bernt Klaverboer is útroppen ta talint fan de moanne maart yn de earedivyzje.
Klaverboer hie yn dy moanne de measte rêdingen fan alle keepers fan de earedivyzje en hie in rêdingspersintaazje fan 85,7 prosint.
Hearrenfean wûn yn maart fan Telstar (3-0) en Sparta Rotterdam (2-1) en spile mei 2-2 lyk tsjin NEC, de nûmer trije fan de earedivyzje.
Klaverboer is bliid mei de priis: "It is moai om yn myn earste seizoen fuort sa'n priis binnen te heljen", seit Klaverboer op it X-account fan syn klup.
"It jout oan dat ik goed dwaande bin. It is in hiel moai komplimint."
As ûnderdiel fan de priis ûntfangt Klaverboer út namme fan de VriendenLoterij in sjek fan 2.500 euro. Dy giet nei UDIROS yn Nijhoarne, de klup dêr't Klaverboer mei fuotbaljen begûn.