Omrop Fryslân

Hokker Fryske keunstwurken brochten yn de ôfrûne jierren mear op as dat fan Jopie Huisman?

In oantal fan de skilderijen
© Omrop Fryslân
It wie it op ien nei djoerste skilderij fan Jopie Huisman dat feild waard: foar 37.410 euro gie 'De Drie Gebroeders' oer de toanbank. In grut bedrach, mar der binne Fryske wurken foar folle mear ferkocht.
Wy sette in oantal foarbylden fan de djoerst feilde Fryske keunstwurken yn de ôfrûne jierren op in rychje.
It djoerste wurk dat trouwens fan Huisman ferkocht is, is dat fan in pear skuon út 1980. Dat waard ferkocht foar 49.000 euro yn 2010.

Mozes Gevonden - Lourens Alma-Tadema (1836-1912): 35 miljoen euro

It grutte wurk fan Lourens Alma-Tadema waard yn de jierren fyftich noch achterlitten yn in steechje omdat de gouden list mear wurdich wie. Tsjintwurdich tinke keunstleafhawwers dêr wol oars oer.
Mozes gevonden - Alma Tadema
© priveekolleksje
Op it skilderij is Bibelfiguer Mozes te sjen dy't yn in kuorke út de rivier fiske wurdt.
Yn 2010 waard it wurk út 1904 foar goed 35 miljoen ferkocht op in feiling. It wie ien fan de lêste dy't de skilder, berne yn Dronryp, makke.
Mear wurken fan Alma-Tadema smieten de ôfrûne jierren hege bedragen op fan meardere miljoenen.

Bomenrij - Jan Mankes (1889-1920): 417.450 euro

Oer dizze skilder wurdt wolris diskusjearre hoe 'Frysk' oft we him neame kinne. Hy waard berne yn Meppel en ferstoar yn Eerbeek (Gelderland) en wenne mar seis jier yn Fryslân. Yn Het Meer, tusken It Hearrenfean en De Knipe, makke er wol syn bêste wurken.
Dochs wie dat in oansjenlik diel fan syn libben, Mankes waard nammentlik mar tritich jier âld en ferstoar yn 1920 oan tuberkuloaze.
Bomenrij - Jan Mankes
© net bekend
It wurk 'Bomenrij' út 1915 waard yn 2004 ferkocht foar in bedrach dêr't je ek in moai hûs fan keapje kinne. Op it skilderij is in sânpaadsje tusken It Hearrenfean en De Knipe te sjen. Ast goed sjochst, kinst twa minsken rinnen sjen.

Relativiteit - M.C. Escher (1898-1972): 504.000 dollar

It giet hjir noch mar om in potleadskets fan syn bekende wurk 'Relativiteit', mar dy brocht al in bedrach op rjochting in heal miljoen euro.
By in feiling yn New York waard it wurk mei 64 oare tekeningen oanbean, mei elkoar waarden se ferkocht foar 7,7 miljoen Amerikaanske dollar.
Maurits Cornelis Escher út Ljouwert wie grafysk keunstner en stiet bekend om syn fisuele trúks.
De potleadskets fan M.C. Escher
© Christie's
Hy makke njonken tekeningen ek houtgravueres en litografyen. Benammen yn de Feriene Steaten krige er yn de jierren 1950-1960 erkenning.

Zomers Landschap - Gerrit Benner (1879-1981): 72.250 euro

Yn desimber 2007 brocht ien fan de skilderingen fan Gerrit Benner út Ljouwert goed 72.000 euro op. It giet om in abstrakte ôfbylding fan in lânskip, dat is ek it soarte keunst dêr't er ferneamd mei waard.
Gerrit Benner yn syn atelier
© Omrop Fryslân
De skilder fan Ljouwert begûn as hûsskilder, mar keas nei de Twadde Wrâldoarloch foar it keunstnerskip. Hy naam ûnder mear it atelier fan Karel Appel yn Amsterdam oer, mar ferhuze letter werom nei Fryslân.
Gerrit Benner syn wurk hinget yn it Fries Museum, mar ek yn oare plakken as Den Haag, Amsterdam en Eindhoven.

Familie portret van twee broers - Wybrand de Geest (1592-1663): 37.600 dollar

It Fries Museum hat koartlyn in grutte tentoanstelling oer him hân: Wybrand de Geest. De keunstner makke syn wurken yn de santjinde iuw en wie spesjalisearre yn portretten.
It skilderij fan Wybrand de Geest dat yn 2001 ûnder de hammer gie
© Christie's
Syn wurken binne dêrom ek populêr. "De Geest wie wol ien fan de topskilders, dy bringe grutte bedraggen op", seit Haije Dijkstra fan feilinghûs Ald Fryslân. "Dêr is in hiel oare groep samlers foar as foar bygelyks wurken fan Jopie Huisman."
Dochs seit leeftiid fan skilderijen lang net alles. Yn it feilinghûs yn Wommels leit ek in wurk fan Wigerus Vitringa, ek in santjinde-iuwske Fryske skilder.
"Dy bringt nei alle gedachten sa'n 3.000 euro op", wit Dijkstra te fertellen. De wearde fan in skilderij wurdt dus altyd bepaald troch in kombinaasje fan faktoaren.

Land van mijn dromen - Auke Sonnega (1910-1963): 475.000 dollar

Yn 2007 waard in skilderij fan de fan oarsprong Ljouwerter keunstner Auke Cornelis Sonnega op in feiling yn Singapore ferkocht. It brocht 475.000 dollar op.
Land van mijn dromen - Auke Sonnega
© net bekend
Dat wie de heechste priis dy't ea foar in skilderij fan Sonnega op in feiling betelle is. Sonnega waard yn 1910 yn Ljouwert berne. In grut part fan syn libben brocht hy yn Yndonesië troch.

Net alle prizen iepenbier

Fansels bliuwt it dreech te sizzen wat de meast weardefolle keunstwurken fan Fryske artysten binne. Ferskate grutte wurken hingje al jierren yn musea en komme net op de merk.
Oare wurken geane wol ûnder de hammer, mar wurde ûnderhânsk ferkocht yn galeryen of keunstbeurzen. Dy prizen binne dan ek net iepenbier yn te sjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.