Briefke achter skilderij út Harns soarget foar fynst eigeners: "Kracht van sociale media"
Yn Harns hat in bysûnder skilderij syn wei werom fûn nei de juste eigener. By de slooptariedingen yn it eardere âldereinsintrum Almenum waard it wurk fan de muorre helle, wêrnei't oan de efterkant in briefke fûn waard mei de tekst dat it skilderij eigendom wie fan de erven fan de makker.
"It is skildere troch Piet Hein van Asperen, en op de efterkant stie dat it werom moast nei de erven", fertelt Anja Feenstra fan de Bouwvereniging.
Dêrop pleatste wenningkorporaasje De Bouwvereniging in oprop op Facebook mei in foto fan it skilderij. De oprop berikte binnen trije dagen hast 30.000 minsken en late úteinlik nei de famylje fan de skilder.
Bysûnder foar de famylje
Achterpakesizzer Nadine van Asperen reagearre ferrast doe't sy fia in berjocht wiisd waard op de syktocht.
"Het eerste wat je denkt is: wat voor geks gaat er rond over mijn familie op social media. Maar toen ik de oproep zag, stuurde ik meteen een screenshot naar mijn vader", fertelt de beppesizzer.
Foar de famylje wie de ûntdekking bysûnder, benammen foar pakesizzer Marcel van Asperen. Hy fertelde dat it skilderij yndirekt fia sosjale media by harren telâne kaam.
"Via Facebook, via mijn dochter, kregen wij deze informatie", seit er. "We weten dat een hele hoop schilderijen van mijn grootvader zijn weggegeven, verkocht of zoekgeraakt, dus dit was toch speciaal."
Nei oerlis besleat de famylje it skilderij werom te skinken sadat it opnaam wurde kin yn in feiling. De opbringst dêrfan is bedoeld foar de ynrjochting fan de nije rekreaasjeseal.
"Het is bijzonder hoe een klein briefje en de kracht van sociale media zo'n mooi verhaal kunnen verbinden", seit Feenstra. "Dankzij de familie kan het schilderij bijdragen aan een fijne ontmoetingsplek voor bewoners."