Omrop Fryslân

In echte Jopie Huisman feild: skilderij mei sûplappen foar in rekôrbedrach

It skilderij 'De drie gebroeders' smiet 37.410 euro op
© Ald Fryslân
In bysûnder wurk fan de Fryske foddeboer en keunstner Jopie Huisman (1922-2000) is by feilinghûs Ald Fryslân ferkocht. It giet om 'De drie gebroeders', in skilderij op doek út 1965.
It wurk, rjochtsûnder sinjearre en datearre troch de keunstner, toant trije manlju dy't mei-inoar harren roes útsliepe.
Haije Dijkstra fan feilinghûs Ald Fryslân
© Omrop Fryslân
Sa't Huisman sels ea taljochte, giet it om trije bekenden út Warkum, troch him bewust wat ferfoarme sadat sy net direkt werkenber wienen.
Huisman besocht mei it skilderij de tragyk efter dronkenskip te ferbyldzjen.
Feilingmaster Haije Dijkstra fertelt dat it wurk út in priveekolleksje kaam. "Mar fierdere details kin ik net jaan."

Autentisiteit

Autentisiteit is by sokke wurken wichtich, wit Dijkstra. "It is de earste fraach dy'tst stelst: kinst garandearje dat it in autentyk wurk is?"
Jopie Huisman oer it skilderij
By dit skilderij bestie neffens Dijkstra gjin twivel.
"Ast in fideo hast fan de skilder dy't njonken it wurk stiet en oer it wurk fertelt, binne alle twivels fuort."
Yn in fideo fertelt Jopie Huisman yn it Nederlânsk oer it skilderij: "Ik heb getracht om hierin de tragiek die er achter dronkenschap dikwijls schuilt, uit te beelden."
"Ik ben in mijn leven wel zo ver gegaan dat ik mijzelf ook eens een keer bezoop", joech er ta. "Voor mij is de tragedie dit: je kunt beter nuchter gelukkig wezen, dan dronken gelukkig voelen."

Utsûnderlik

Dizze gong fan saken is foar wurk fan Jopie Huisman frij útsûnderlik, sa fertelt Dijkstra.
"Wurk fan Jopie komt faak op de merk: lytse tekeninkjes of akwarellen. Mar dit is echt in wichtich wurk en dat sjochst ek yn de priis werom. Der binne dan in oantal belangstellenden dy't dêr bêst fier foar gean wolle."

Hege priis

It skilderij waard moandeitejûn ferkocht oan in anonime telefoanyske bieder foar 29.000 euro, wat mei opjild útkomt op in totaal fan 37.410 euro.

Wa wie Jopie Huisman?

Jopie Huisman (1922-2000) wie in ferneamde Fryske keunstskilder en tekener, hikke en tein yn Warkum.
Hy makke benammen in soad realistyske, bot detaillearre stillibbens mei simpele foarwerpen, lykas âlde skuon of poppen.
Sûnt 1986 is syn wichtichste wurk te sjen yn it Jopie Huisman Museum, dat yn syn bertestêd stiet.
Dêrmei heart dit resultaat ta de heechste feilingprizen ea realisearre foar in wurk fan Jopie Huisman.
Troch de hege priis wie it foar it Jopie Huisman Museum yn Warkum net reëel om it skilderij oer te nimmen.
"We hadden ook niet verwacht hem te krijgen", fertelt direkteur Peter Miedema.
Jopie Huisman (1922-2000)
© Omrop Fryslân
"Op het moment dat het op een veiling wordt aangeboden, is het voor ons wat ingewikkelder. Als het ons rechtstreeks was aangeboden voor een goede prijs, hadden we ons best gedaan."
Peter Miedema, direkteur Jopie Huisman Museum
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Dochs is it foar it museum gjin grutte tebeksetter.
"Jopie was een verhalenverteller, dat geldt voor veel van zijn schilderijen. Wij hebben de topstukken van Jopie al", seit Miedema.

Tentoanstelling

Boppedat is it wurk mooglik yn de takomst te bewûnderjen yn it museum.
"In 2027 gaan we een grote tentoonstelling organiseren van werken die niet in het museum hangen, daar hoort deze ook bij."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.