Nije mylpeal foar Jopie Huisman Museum: 40.000 besikers yn goed heal jier
It Jopie Huisman Museum belibbet gouden tiden. Mei de ûntfangst fan de 40.000ste besiker dit jier oertreft it museum yn Warkum alle rekôrs út foargeande jierren.
Yn dy foargeande jierren luts it museum oer in hiel jier 40.000 besikers, no is dat oantal al nei krekt wat mear as in heal jier berikt.
Om 11.30 oere moandeitemoarn ferwolkomme direkteur Peter Miedema fan it museum Lisse de Bie út Grins as 40.000ste besiker. "Nee, dit is niet echt", sei De Bie ferrast. "Wat een treffer!"
De Bie kaam tegearre mei in freondinne dy't yn Warkum wennet. "Ik werk zelf ook in een museum en was hier nog niet geweest, dus we zeiden, we moeten hier nog eens heen", seit De Bie.
De twa krigen ûnder mear in boek en in fergeze lunsj oanbean fan it museum.
Ze komen uit alle hoeken.
Direkteur Miedema ferwachtet dit jier op syn minst 60.000 besikers, dat is goed oardel kear safolle as gewoanwei.
Neffens Miedema komt de tanommen drokte troch de ferbouwing. Ein ferline jier iepene de nije fleugel fan it museum, dat no twa kear sa grut is. En ek de dûbeltentoanstelling fan skilder Henk Helmantel en Jopie Huisman slacht bot oan.
"Het zijn verschillende factoren die een rol hebben gespeeld in de drukte. Mensen zijn nieuwsgierig wat we hier gebouwd hebben. Ze komen uit alle hoeken."
Ferboud en fernijd
It Jopie Huisman Museum waard yn 1985 opset troch freonen fan de Fryske skilder. Nei't it museum de earste sân jier in pear kear fan lokaasje feroare wie, waard yn 1992 it hjoeddeistige pân oan it Noard yn Warkum belutsen.
Yn 'e rin fan 'e tiid is it museum ferskate kearen ferboud en modernisearre. Foarich jier stoarte in foargevel yn by in ferbouwing, dy is yntusken wer opboud.
Yn totaal hawwe sûnt de oprjochting sa'n 2,6 miljoen minsken in besite brocht oan it museum. "Dat is een ruwe schatting", seit Peter Miedema deroer.