Stipe foar skiedsrjochter Wouter Wiersma: "Kinst net sizze dat hy net kapabel is"
Sportklup Hearrenfean pakte mei tank oan in geweldich doelpunt fan Ringo Meerveld in punt tsjin NEC en de earste promoasjekâns fan Cambuur gie yn reek op. En dat net allinnich, der wie in soad te dwaan oer skiedsrjochter Wouter Wiersma.
Hy wie de skiedsrjochter by Cambuur-Jong AZ en joech ûnder oare in penalty. De penaltynimmer rekke de bal lykwols twa kear en dus hie Wiersma dy opnij nimme litte nimmen.
Nei de wedstriid wie Cambuur-trainer Henk de Jong lilk. Sa sei er ûnder oare dat Wiersma net kapabel wie om dizze wedstriid te fluitsjen.
"In oanfal op de man," sa fynt Cambuur-watcher Andor Faber. "Kinst fan alles fine oer de beslissing fan in skiedsrjochter. Mar hjir rjochtet Henk de Jong him allinnich op Wouter Wiersma en net op de skiedsrjochter Wouter Wiersma."
As je goed genôch binne om Cambuur te fluitsjen, dan kinne je Cambuur fluitsje."
Foaral de wurden 'net kapabel' befalle Faber net.
"Ik fyn it prima dat Henk kritysk op de skiedsrjochter is. Mar ik fyn net dat je sizze kinne dat ien net kapabel is."
Boppedat, sa fynt Faber, moat it ek net útmeitsje, wêr't je weikomme..
"We ha ek wol sjoen dat twa Fryske assistinten by Hearrenfean of Cambuur diene. Dêr is neffens my ek neat mis mei. As je goed genôch binne om Cambuur te fluitsjen, kinne je Cambuur ek fluitsje."
Te gast is âld-fuotballer Doke Schmidt, dy't by Cambuur en Hearrenfean spile. Hy nimt it op foar syn âld-trainer, mar is ek kritysk.
"In principe moet een scheidsrechter dit aankunnen. En dat moet niet afhankelijk zijn van waar hij vandaan komt."
Pine yn 'e bûk
Ferslachjouwer Roelof de Vries twivelet. Foar him is net hielendal helder wat no echt de krityk fan Henk de Jong is?
"Fynt hy him no in minne skiedsrjochter yn dizze wedstriid? Of fynt hy him yn it algemien in minne skiedsrjochter? Of omdat hy út de regio komt? Ik fyn yn elk gefal dat in parseman him earst efkes meinimme moatten hie om by te kommen, want hy siet sa heech yn de emoasje."
De Vries sjocht ek dat it hurd oankomt by Wiersma. "Krityk hawwe op syn fluitsjen is prima, mar ik fyn dat sa'n jonge skansearre is. Dêr krij ik wol wat pine yn 'e bûk fan."
Hearrenfean spile knap lyk tsjin de revelaasje fan it seizoen NEC. Yn Nijmegen foel foaral de goal fan Ringo Meerveld op.
De Vries: "It die my tinken oan dy goal fan Maradona op it WK fan 1986. Nee grapke, mar hy wie wol hiel moai."
Doke Schmidt kiest de bêste en minste trainer
Schmidt fuotballe by Hearrenfean, Go Ahead Eagles, Cambuur en Helmond Sport. We fregen him wa foar him de minste trainer wie.
"Puur als trainer was dat Marco van Basten, denk ik. Dat heeft 'ie later ook zelf aangegeven. Als persoon was er niks op hem aan te merken, maar als trainer was het het niet."
Schmidt spile twa seizoenen by Cambuur. Dêr belibbe hy in goeie tiid.
"Als ik de beste trainer moet kiezen en dan puur tactisch, dan denk ik aan Sandor van der Heide."
Sportcast harkje of sjen
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Willem Vermeltfoort prate dy alle moandeis ûnder lieding fan presintator Arjen de Boer by oer it fuotbalnijs yn de Sportcast. Faak mei in nijsgjirrige gast.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.