Fertsjinnet Van Overeem in oprop foar Oranje? "Hy is de grutste reden efter it sukses fan Hearrenfean"
Sportklup Hearrenfean is yn bloedfoarm. En dat is foar in grut part te tankjen oan Joris van Overeem. Moat bûnscoach Ronald Koeman de middenfjilder oproppe foar de oefenynterlâns letter dizze moanne?
It wie in prachtige assist, dy't Van Overeem ôfrûne sneon oan Jacob Trenskow joech. Van Overeem falt net allinnich op mei syn goeie spul oan de bal, mar ek sûnder bal is de 31-jierrige Amsterdammer fan grutte wearde.
Sportferslachjouwer Roelof de Vries is ûnder de yndruk fan Van Overeem. "Hy is de grutste reden efter it sukses fan Hearrenfean. Hy sit oeral tusken, eltse bal is raak en eltse pass is nei foaren."
Oranje?
Alve kear spile Van Overeem foar Jong Oranje, mar it grutte Nederlânsk alvetal helle er noch net. As it oan De Vries leit, duorret dat net lang mear. Ein dizze moanne spilet Oranje twa oefenynterlâns.
De bêste spiler op it plak fan Van Overeem, FC Barcelona-spiler Frenkie de Jong, is op it stuit blessearre. En dus makket de Feanster middenfjilder kâns op in oprop, hopet De Vries. "Joey Veerman en Jerdy Schouten binne fierder en better. Mar neam my ris mear dy't better binne?"
By Cambuur is der ek in spiler dy't opfalt troch syn goeie prestaasjes. Topskoarer Oscar Sjöstrand stie ôfrûne winter al yn de belangstelling fan klups út de Ingelske Championship.
Rekket Cambuur Sjöstrand kwyt?
No is ek Malmö FF út syn heitelân ynteressearre yn de bûtenspiler fan de Ljouwerters. De transfermerk yn Sweden is noch iepen oant en mei takom wike woansdei en dus soe Sjöstrand noch fuortgean kinne.
Sportferslachjouwer Andor Faber prate mei de technysk manager fan Cambuur. "En Lambooij sei: 'Oscar wil met Cambuur promoveren.' Je soene snein promovearje kinne en dan binne der noch in pear dagen oant de Sweedske transfermerk slút."
Oer de fraach wat de 21-jierrige Sweed kostje moat, binne de sportferslachjouwers it iens: sa'n oardel miljoen euro.
Sportcast harkje of sjen
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Willem Vermeltfoort prate dy alle moandeis ûnder lieding fan presintator Arjen de Boer by oer it fuotbalnijs yn de Sportcast. Faak mei in nijsgjirrige gast.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.