Ferry de Haan leaut yn bêste seizoen sûnt alve jier: "Heerenveen eindigt boven Ajax"
Algemien direkteur Ferry de Haan fan Sportklup Hearrenfean sjocht omheech. Hy tinkt dat syn klup foar it earst yn alve jier wer ris fyftich punten hellet yn de earedivyzje.
Mei noch acht wedstriden te gean hat Hearrenfean 37 punten helle. Mar it programma is geunstich. Fiif fan de restearjende acht tsjinstanners steane leger as de Feansters.
En dus sjocht De Haan omheech. "We proberen de cultuuromslag te maken naar 'het moeten'. Dat staat ook in ons beleidsplan en dat is niet vrijblijvend. Dus je moet wedstrijden winnen. We hebben nog een aantal prachtige affiches waarin het ook moet. Ik heb gezegd dat we vijftig punten pakken."
De lêste kear dat Hearrenfean fyftich punten helle, wie yn it seizoen 2014/2015 ûnder trainer Dwight Lodeweges.
Boppe Ajax
De Haan hopet dat Hearrenfean noch foarby Ajax gean sil op de ranglist. Yn de lêste kompetysjeronde spylje beide ploegen tsjin inoar. Op dit stuit hat Ajax sân punten mear, mar it is krisis yn Amsterdam. Fred Grim is de twadde trainer dit seizoen dy't oan de kant set is.
En dus, as er kieze moat, tinkt De Haan: "Heerenveen eindigt boven Ajax. Dat zou heel mooi zijn. In de laatste wedstrijd gaat het erom."
Troch de goeie prestaasjes fan SC Cambuur, ien nivo leger, is de kâns libbensgrut dat de Fryske derby takom seizoen weromkomt.
De Haan kin net wachtsje. "Ik heb er vier mogen meemaken. Ik denk dat het voor Friesland de mooiste wedstrijden zijn. We moeten trots zijn dat de derby weer terugkomt."
Dan moat Cambuur de promoasje noch wol binnenhelje. Dat soe oare wike al kinne yn de útwedstriid tsjin Helmond Sport. En oars op de freed dêrnei, thús tsjin Jong AZ.
Huldiging by de Aldehou
Neffens sportferslachjouwer Geert van Tuinen folget in huldiging by de Aldehou pas letter, om't Cambuur noch yn de race is om kampioen fan de earste divyzje te wurden.
"It soe goed kinne dat de beslissing falt op de lêste spyldei fan de kompetysje op 24 april", seit Van Tuinen. "In huldiging koart dêrnei kin net, om't Keningsdei dan is en de folsleine Fryske plysjemacht yn Dokkum is. Dus wurdt it 3 maaie."
Sportcast harkje of sjen
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Willem Vermeltfoort prate dy alle moandeis ûnder lieding fan presintator Arjen de Boer by oer it fuotbalnijs yn de Sportcast. Faak mei in nijsgjirrige gast.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.