Omrop Fryslân

Klaverboer beslissende faktor tsjin Excelsior: "Bernt verdient complimenten"

Bernt Klaverboer moast faak yn aksje komme tsjin Excelsior
© Orange Pictures
sc Hearrenfean pakte trije punten tsjin Excelsior, mar dat gie net sûnder slach of stjit. Keeper Bernt Klaverboer moast geregeld syn doel ferdigenje.
"Dit is geen lekkere overwinning, want mooi is anders", seit trainer Robin Veldman nei de wedstriid.
"Maar de punten zijn binnen. We doen, denk ik, goede zaken op de ranglijst."
"We laten karakter zien, we laten bereidheid zien, maar we laten ook een stukje onrust zien. Dat wil ik er graag uit hebben", giet er fierder.
Robin Veldman docht nei winst op Excelsior "goede zaken op de ranglijst"
Excelsior krige neffens Veldman net folle grutte kânsen, mar wol driigjende mominten yn it strafskopgebiet yn de einfaze.
"Er zijn in de wedstrijd wel momenten waarvoor Bernt echt complimenten verdient."
Neffens him soe Hearrenfean dizze wedstriid yn septimber ferlern hawwe.

Tûker stean en rêstich bliuwe

"Het stoppen van voorzetten en kopballen in het zestienmetergebied hadden we toen nog niet zo voor elkaar. Nu staan we slimmer en blijven we rustig, ook al wil iedereen zo snel mogelijk naar de bal toe."
Dat resultearre yn alle gefallen yn de iepeningstreffer fan Luuk Brouwers yn de 37e minút.
Twa minuten letter wist Lasse Nordås ek te skoaren, mar doe waard der flagge foar bûtenspul.
De goal fan Brouwers wurdt fierd
© Orange Pictures
Hoe is it foar Klaverboer om beslissend te wêzen yn de wedstriid?
"Hearlik om punten te pakken foar de ploech. Ekstra lekker foar my dat ik dêryn útljochte wurd."
Meardere kearen kaam er yn aksje mei wichtige rêdingen.
"Ik haw it goed dien. No drukke wy dat hjir ek út yn resultaten, dêr giet it úteinlik om."

Dreech hân

"Wy hawwe it hjir hiel dreech hân. Uteinlik hat it goed útpakt, dit binne hiel lekkere puntsjes. Spitigernôch net de nul hâlde kinnen, dat is wol skande."
Bernt Klaverboer wie beslissend tsjin Excelsior: "Lekker dat it no yn resultaat útdrukt wurdt"
Mei dat lêste doelt Klaverboer op de penalty dy't Noah Naujoks optimaal wist te benutten.
De oanlieding? Hands fan Joris van Overeem.

Hands Van Overeem

"Dat was een moeilijke hoek", seit Van Overeem der sels oer.
"Volgens mij raakte ik de bal met mijn bovenarm, maar was mijn arm wel dicht bij mijn lichaam."
"Ik ging wel wat onhandig naar de bal. Maar ik kan het deels begrijpen, deels niet. Ik denk dat die penalty ook niet gegeven had hoeven worden."
Joris van Overeem skoarde tsjin Excelsior, mar hoe rekke hy de bal?
Van Overeem wist oan de oare kant noch wol in goal te meitsjen foar de Friezen yn de 66e minút.
Nei in foarset fan Maxence Rivera slagge syn earste skot net, mar in twadde tikje slagge wol.
Al like it net dúdlik te wêzen mei hokker lichemsdiel hy de bal doe rekke. "Dat was mijn bovenbeen", laket de middenfjilder. "Je moet er zijn voor de rebound."
"Hij had er in eerste instantie al in gemoeten, maar daarna tikte de bal op mijn bovenbeen en ging hij erin, dat is lekker."
Van Overeem en Zagaritis fieren de twadde goal
© Orange Pictures
"Deze wedstrijd had veel verschillende fasen, maar ik denk dat we wel goed speelden. We creëerden zelf ook veel, zoals de kans van Rivera en het afgekeurde doelpunt van Nordås."
Neffens him joech Hearrenfean ek in soad kânsen fuort.
"Vooral in de eerste helft veel speelfouten in de eigen zestien. Maar na de 0-1 konden we de wedstrijd uitspelen richting een 2-0 of 3-0."
"Ik liep het veld af en dacht; dit had ook wel 0-3 kunnen zijn", giet Van Overeem fierder. "Maar met die handsbal maak ik het onnodig moeilijk voor ons."

Fingers krúst

"Kijk je naar de ranglijst, dan is het lekker", seit Veldman. "Maar ik moet zeggen dat ik in de tweede helft toch zenuwachtig heen en weer liep. Ik had mijn vingers gekruist."
"Zoals ik eerder al heb aangegeven, willen we de ploegen boven ons aanvallen. Er liggen volgens mij kansen om naar boven te kijken."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.