Liveblog | 7 maart

Lês werom: Brouwers en Van Overeem besoargje sc Hearrenfean de oerwinning op Excelsior (1-2)

sc Hearrenfean is deryn slagge om Excelsior yn Rotterdam te ferslaan mei 1-2. Brouwers en Van Overeem wisten it net te finen.

Lês hjir it blog oer de wedstriid werom.

Lêst bywurke: 7 maart, 23:07
23:07

Middenfjilders skoare foar sc Hearrenfean

Winst foar sc Hearrenfean
© Orange Pictures
sc Hearrenfean hat mei 1-2 de wedstriid tsjin Excelsior wûn, dy't aardich op en del gie.
De Friezen begûnen dominant oan de earste helte, mar letter kaam ek Excelsior op dreef.

Iepeningstreffer Brouwers

Nettsjinsteande in soad kânsen foel de iepeningstreffer pas yn de 37e minút. Luuk Brouwers krige de bal fan Lasse Nordås en skeat dizze hurd lâns de keeper.
Twa minuten letter skoarde Nordås sels ek, mar de flagge gie dêrnei omheech fanwegen bûtenspul en der gie in streek troch de 0-2.
Yn de twadde helte kaam dy 0-2 der dochs. Joris van Overeem besocht te skoaren, mar fia de keeper kaam de bal by him werom en nei in twadde oanrekking slagge it wol.

Penalty Excelsior

Yn de 73e minút koe Excelsior skoare fanút in penalty: hands by de Friezen. Noah Naujoks skeat nei rjochts, de hoeke dêr't Bernt Klaverboer net foar keas.
Fiif minuten letter lei ynfaller Miliano Jonathans skreauwend op de grûn fanwege in knibbelblessuere. Even letter moast er it fjild op in brankaar ferlitte.
Nei fiif minuten blessueretiid koe Excelsior úteinlik gjin lykmakker binnensjitte. sc Hearrenfean pakt de oerwinning en nimt trije punten mei nei Fryslân.
22:55

90+5' Winst foar Hearrenfean!

It slagge de Rotterdammers net mear om te skoaren, dus Hearrenfean wint fan Excelsior mei 1-2.
22:52

90+2' Hearrenfean moat oerlibje

Excelsior is yn de lêste minuten op jacht nei de lykmakker, dus Hearrenfean moat noch efkes sjen te oerlibjen.
22:50

90' Fiif minuten ekstra

Der komme fiif minuten ekstra tiid by de twadde helte. Hearrenfean is tichtby de trije punten.
22:50

88' Giel en wiksel

Noah Naujoks krijt in giele kaart fanwege in oertrêding.
By deselde ploech komt Szymon Wlodarczyk yn it fjild foar Irakli Yegoian.
22:46

85' Wiksel by Hearrenfean

Hopland foar Trenskow

Nikolai Hopland komt deryn foar Jacob Trenskow.