Fryslân fan 'e moarn

Jacob Stelwagen en Jantine Weidenaar presintearje ôfwikseljend it programma wylsto krekt wekker wurdst, oan it moarnsiten sitst of al ûnderweis bist. Sa hearst altyd it lêste nijs, mieningen en ferhalen fan kollumnisten en reizgest mei de ferslachjouwer mei dy't eltse moarn op 'en paad is.

Beharkje hjir de útstjoering

No derfoar!

Under it wurk, ast dyn hûs himmelest, of gewoan ast op de bank sitst mei in bakje kofje: tusken 09:30 en 12:00 oere is Arjen Overmaat der foar dy mei No derfoar! Lekkere muzyk, nijsgjirrich nijs, moaie ferhalen: No derfoar! hat it allegearre.

Beharkje hjir de útstjoering

No yn Fryslân

Alle dagen it Fryske nijs, de sport en it waar, mar ek opfallende lanlike of ynternasjonale saken en wat der yn Fryslân online spilet yn it Media-oersjoch.

Beharkje hjir de útstjoering

Goeiemiddei

Op wurkdagen tusken 13.00 en 16.00 nimme Johan en Diana dy mei de middei troch, mei de bêste muzyk en alles wat der spilet yn ús provinsje mei nijsgjirrige petearen. Wy freegje dy alle dagen in kreative link te betinken en dêrneist makkest kâns op unike prizen.

Beharkje hjir de útstjoering

Underweis

Op wurkdagen tusken fjouweren en seizen is der Underweis. Thús, op dyn wurk, of ûnderweis nei hûs prate Eric Ennema en Jan Dirk de Haan dy by oer it nijs fan de dei en de eftergrûnen by it nijs, ôfwiksele mei de bêste muzyk, aktuele ferkearsynformaasje en it waar.

Beharkje hjir de útstjoering

Noardewyn

Noardewyn is it muzikale doarpsplein fan Fryslân. Mei moandei o/m tongersdei op radio in oere lang, nijsgjirrige ien op ien petearen mei gasten út de muzyk, teäter of kultuer wrâld. De gasten bepale sels de muzyk en de presintaasje is yn hannen fan Willem de Vries.

Beharkje hjir de útstjoering

Op & Ut

Roelof Lousma en Tet Rozendal presintearje sneons ít útgeans- en kultuerprogramma fan Fryslân. In bulte ynspiraasje foar elk dy't der op út wol yn eigen provinsje.

Beharkje hjir de útstjoering

Sneon yn Fryslân

Sneon yn Fryslân mei Geert van Tuinen is fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport.

Beharkje hjir de útstjoering

Prelude

Geastlike muzyk, lykas koraalmuzyk fan koaren en korpsen út Fryslân. Ek is der plak foar fersykjes út it geastlik repertoire. In fêst ûnderdiel fan Prelude is in oertinking fan in libbensskôchlike gast. Ek in fersykje oanfreegje? Dat kin hjir. Of mail nei prelude@omropfryslan.nl.

Beharkje hjir de útstjoering

Mei Douwe

In fertroud momint op de sneintemoarn: noflike muzyk, in klassike noat yn in deistich lûd. Mar ek Frânske sjansons en wrâldmuzyk. Setsto de kofje oan?

Beharkje hjir de útstjoering

Buro de Vries

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende gesprekken. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.

Beharkje hjir de útstjoering

Snein yn Fryslân

Op sneintemiddei tusken 13.00 en 18.00 bepaalt de tiidmasine alle oeren in jier út de jierren 60, 70, 80 en 90 en de earste 10 jier fan 2000. Johan giet werom yn de tiid en sjocht nei it nijs, de muzyk en de tv-programma's út dy tiid. Boppedat makkest kâns op de Omrop Fryslân ferrastas mei prizen yn de kwis.

Beharkje hjir de útstjoering