Omrop Fryslân

Falco (10) waard ferneamd mei Drumband Hallelujah: “Minsken fregen myn hantekening!”

Falco by in optreden fan Drumband Hallelujah mei ZEA
© Bureau Beeldtaal Filmmakers
Falco is mei syn tsien jier de jongste slachwurker fan de Makkumer Drumband Hallelujah, en hat no al troch Nederlân toerd. En wol mei in hiel unyk projekt.
De Drumband makke ferline jier in plaat tegearre mei Fryske underground popartyst Arnold de Boer, alias ZEA. Dat klinkt miskien net sa bysûnder, mar dat is it wol. It komt nammentlik net sa faak foar dat in drumband de opnamestudio yn giet.
De slachwurkers binne benammen op 'e dyk te finen by eveneminten yn 'e omjouwing. Filmmakker Chris Frieswijk makke foar FryslânDOK in dokumintêre oer it projekt.
Sjoch hjirûnder 'De frjemde útstappen fan Drumband Hallelujah':
Dat Falco al sa jong by de drumband begjinne soe, wie gjin ferrassing foar syn famylje. Syn âlders en broer spylje der nammentlik ek yn. "Ik wist al hiel jong dat ik meidwaan woe", seit Falco.
"Ik gong altyd mei pake en beppe nei de optredens fan myn famylje, en dat fûn ik geweldich om te sjen. Mar ik wie hieltyd noch te jong om sels mei te dwaan."
Ik koe net wachtsje om mei te dwaan.
Falco de Boer
Omdat de ynstruminten swier en grut binne, moatte slachwurkers grut en sterk genôch wêze om it spyljen op 'e strjitte in skoft fol te hâlden. "Ik koe eins net wachtsje om mei te dwaan, dus doe't ik einlings grut genôch wie, wie ik sa bliid!"
Falco syn fêste ynstrumint is op dit stuit noch de bekkens, mar hy hopet ynkoarten troch te groeien nei de trommels. "Dêr moat ik noch in bytsje sterker foar wêze."

Aventoer

Foar Falco en syn famylje wie it projekt mei ZEA in grut aventoer mei in soad útdagingen. Yn stee fan rinnend op 'e dyk de taskôgers bliid te meitsjen mei harren muzyk, moasten de slachwurkers de nije nûmers no oant yn 'e puntsjes perfekt útfiere.
"We moasten hieltyd opnij en opnij. Dêr wie wol wat geduld foar nedich," laket Simon de boer, Falco syn heit.
Simon de Boer, heit fan Falco en snaredrummer by Drumband Hallelujah
© Bureau Beeldtaal Filmmakers
Njonken de opnamen binne de optredens ek oars. Yn stee fan bûten te spyljen op 'e dyk, binne de shows mei ZEA krekt yn konsertsealen. By it alderearste konsert op festival Explore the North skrokken de slachwurkers wol even.
"Doe't wy oankamen wie der noch gjinien!" fertelle Simon en Falco. "Wy binne wend dat wy op 'e strjitte nei de minsken ta komme, mar by festivals komme de minsken nei ús! Gelokkich siet de seal úteinlik smoarfol."
Ik fielde my sa ferneamd!
Falco de Boer
Ek de styl fan 'e muzyk wie oars as oars. "Gewoanwei spylje wy altyd muzyk fan immen oars. Mar no hawwe we foar it earst ús eigen muzyk, dat spesjaal foar en mei ús makke is," seit Simon.
"Arnold kaam mei de ideeën en ús dirigint Fokko Dam hat holpen mei it útwurkjen fan de arranzjeminten."
It resultaat is ferrassend, fine Simon en Falco. "It is aparte muzyk dy'tst net earder heard hast", omskriuwt Falco. Dat fynt syn heit ek: "We hiene al wol earder mei Arnold spile, mar nea sokke sêfte, eksperimintele muzyk mei in soad emoasje."
"Dat ferwachtest net by in drumband. Dat wie wol even wenne foar ús, mar it resultaat is hiel moai."
Falco en Arnold de Boer yn 'e repetysje
© Simon de Boer
Troch de gearwurking krige Falco ek de kâns om oare ynstruminten út te probearjen, sa as it woodblock. Mar it aldermoaiste fynt hy it sjongen mei Arnold sels, dêr't se healwei de toer mei begûn binne.
Falco falt troch dy nije rol ek mear op by it publyk. "Allegear minsken fregen myn hantekening! Ik fielde my sa ferneamd! Der wiene sels minsken dy't my werkenden fan resinsjes yn kranten!"
Falco oan it sjongen by nijjierskonsert fan Drumband Hallelujah en ZEA yn Makkum
© Jean-Michel Maréchal
Krekt as Arnold fierder gean yn 'e muzyk, dat liket Falco wol wat. "Ik wol graach noch gitaarspyljen leare en fierder mei it sjongen."
Mar earst hat er foldwaande oan de drumband. "It is hiel leuk en gesellich. De drumband fielt as in twadde famylje foar my. Belibbest in soad mei inoar en komst op allegear plakken. Ik wol noch net fuort!"

De frjemde útstappen fan Drumband Hallelujah

Filmmakker Chris Frieswijk folge it projekt in jier lang en makke de dokumintêre 'De frjemde útstappen fan Drumband Hallelujah'.
Sjoch de FryslânDOK hjirboppe, op NPO Start of fryslandok.nl.
Leaver op TV sjen? Dat kin op:
  • Sneon 28 maart: 15.30 oere op NPO2
  • Snein 29 maart: 13.15 oere op NPO2 en fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân.
Mear dokumintêrenijs? Abonnearje dy hjir op de FryslânDOK-nijsbrief.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.