Arnold de Boer oer it Frysk: "As gong der in ûnbekende keamer yn myn holle iepen"

ZEA Arnold de Boer
Arnold de Boer © Rosa van Ederen
Muzikant Arnold de Boer fan Makkum is bepaald gjin synysk figuer. Yn in rap tempo eidet er, mei betiden in beskôgjende, filosofyske ynslach, syn libben en de muzyk oer. Hy hat in nije plaat út en toert mei The Ex.
Hoe kin it dat er sa posityf is? Omdat er mei syn muzyk de wrâld oer giet, sjocht en heart er in soad ferskillende minsken, ferhalen en dingen. Hy fernimt hoe ticht oft minsken byinoar stean, hoefolle oft se opinoar lykje, fertelt Arnold dy't no alwer jierren yn Amsterdam wennet.
We hawwe deselde belangen. As oaren dat net sjogge, moat ik se dat fertelle en dêr brûk ik myn muzyk foar.
Arnold de Boer
"We komme der altyd út, want we hawwe deselde belangen en ideeën. Dat is net allinnich blyn optimisme, mar ek wat ik sjoch. As oaren dat net sjogge, moat ik se dat fertelle. Dêr brûk ik myn muzyk, teksten en dingen foar."
The Ex 2018 Brugge Arnold de Boer
The Ex yn 2018 yn Brugge, mei yn de midden Arnold de Boer © ANP
Arnold is op it stuit op toer mei syn band Zea en mei The Ex. De Amsterdamske band bestiet 45 jier. Arnold kaam der yn 2009 by. "Sy binne yn '79 begûn. Doe wie ik 4, hahaha."
The Ex, ûntstien yn de punktiid en de kreakerswrâld, gie de wrâld oer en waard eksperimenteel. Sa spilen se mei jazzmuzikanten en dat spruts Arnold bot oan.
Arnold syn band Zea spile op in stuit yn it foarprogramma fan The Ex. It klikte en hy waard frege om derby te kommen.

Hope

Dat idee fan 'we moatte it mei-inoar dwaan' sit ek yn Arnold syn nije album We are still each other's hope. Mei dizze plaat beskôget er de wrâld op in poëtyske en filosofyske manier. Yn it Ingelsk, want dy taal brûkt er as er nei de wrâld sjocht en nei de minsken om him hinne.
Sjoch hjir nei it petear dat Willem de Vries hat mei Arnold de Boer:

Mienskip

Hope is nedich, want de Westerske wrâld stiet ûnder druk. Arnold komt in protte yn Afrika. Is it dêr ek sa?
Yn it Noard-Gana foel him de mienskipssin op. "In pear jier ferlyn spilen we op in festival. Mei in tal artysten út Nederlân sliepten we yn in doarpke. Earst waarden we meinaam nei in doarpsrie om ús foar te stellen. We foelen op en se woene graach witte wa't we wiene. De minsken fiele harren dan mear belutsen by wat der bart yn it doarp."
Soks misse wy faak yn Nederlân. Mar oan de oare kant: it bart wol. Moatst it ek sjen en beneame wolle, en de romte jaan, neffens Arnold. "Ik bin dêr net pessimistysk oer."
Arnold de Boer en Xavier Charles, maart 2022
Arnold de Boer en Xavier Charles, maart 2022 © Arnold de Boer

Dûnsje mei in fraachteken

Skriuwt Arnold syn teksten om minsken te prikkeljen? "Ja, ik hâld mear fan in fraachteken as fan in útropteken. As minsken dûnsje mei in fraachteken boppe de holle, is dat perfekt." Mei oare wurden: bliuw nijsgjirrich, stel fragen en wês kreatyf.
Arnold spilet ek mei de Frânske jazzymprovisaasje-klarinettist Xavier Charles. Dy fynt syn Fryske nûmers moai om te spyljen. Mei in heal Frysk-heal Ingelsk programma hawwe se troch Franktyk toerd. Yn april en maaie gean se nei Eastenryk, Tsjechië en Dútslân.

Bern

Arnold hat twa bern. Is it muzikantelibben wat te kombinearjen mei de húshâlding? "Myn frou Rixt is der fan it begjin ôf by. We hawwe it sa opbouwe kinnen."
"Mei The Ex gean we net trije of fjouwer wike achterinoar fuort. As ik fuortgean, meitsje ik in tekening foar myn bern, mei fakjes mei de stêden dêr't ik hinnegean. Kinne se sjen wêr't ik bin."
Yn syn eigen band Zea regelet Arnold alles sels, dus ek de optredens.

Muzykboer

Platebaas, tekstskriuwer, mei poëzij dwaande, muzikant, toermanager, PR-man. Wat is Arnold eins? "Ik bin in soart muzykboer", laket er.
"As ik myn berop ynfolje moat, dan skriuw ik 'muzikant' op." Muzikantskip is de kearn, en dêr heart 'ûnôfhinklik' by."

Taal is in foarm fan muzyk

Syn ynspiraasje hellet er rûnom wei, bygelyks út films, dokumintêres en wat er heart of lêst. "Taal is in foarm fan muzyk. Op it momint datst begjinst te praten fernimst dat."
'We are still each other's hope'
It omslach fan 'We are still each other's hope' is makke troch keunstneres Julia Spangero út it Italiaaske Udine. © Arnold de Boer

LSDI

Altyd alles sels dwaan moatte. Hy hat der ek wolris syn nocht fan, want it nimt in soad tiid.
"'Seks, drugs and e-mails', sis ik wolris. Yn plak fan DIY (do it yourself), soe ik ek wolris LSDI wolle (let someone else do it). Hahaha."
Njonken syn eigen wurk bringt Arnold op syn platelabel Makkum Records ek platen fan oaren út. Dat bringt ek ferantwurdlikens mei him mei.
"Ik moat derom tinke dat dat myn eigen kreative proses net yn it paad sit." As er in min sin kriget, moat er gewoan efkes muzyk meitsje.
As gong der in keamer yn myn holle iepen dêr't ik net fan wist dat dy der wie.
Arnold de Boer oer de ûntdekking fan it Frysk foar syn muzyk
Yn de 25 jier dat er mei muzyk dwaande is, hat Arnold in soad leard. Syn ynstek en entûsjasme is gelyk bleaun. Der binne wol nije dingen bykaam, lykas syn Frysktalige platen.
"As gong der in keamer yn myn holle iepen dêr't ik net fan wist dat dy der wie. Mar it is wol allegearre Zea, Arnold de Boer. It is ien ferhaal."
Zeadub poster OCCII Amsterdam
Zea yn OCCII mei as gast It Dockumer Lokaeltsje © OCCII
De kommende tiid stean der optredens mei The Ex op it programma foar it 45-jierrich bestean. Fierders spilet er op ferskate plakken yn Europa mei de Frânske klarinettist. En oant de simmer docht Arnold ek noch in stik of tweintich optredens mei Zea,
Op 16 febrewaris komt der in plaat út mei remiksen fan Zeanûmers troch ferskate artysten. De presintaasje is op 17 febrewaris yn de OCCII yn Amsterdam, mei as spesjale gast de Fryske band It Dockumer Lokaeltsje.

Muzyk fan Arnold de Boer

artyst titel
Zea Hauntology
Zea When the world needs now is understanding
Zea And the man killed the bird
The Ex Barricades
Zea When I got passed the first darkness