Omrop Fryslân

Wat betsjut de fanfare foar Fryslân? "Belangryk dat de polityk wit wêr't it jild hinne moat"

Durk Bonnema
© Omrop Fryslân
"Je meitsje mei elkoar muzyk te goede fan de mienskip", sa fertelt de 78-jierrige Durk Bonnema. Hy spilet it grutste part fan syn libben by De Bazuin yn Tsjummearrum.
"We blaze by it keatsen, by de yntocht fan Sinteklaas, wy begeliede tsjerketsjinsten en binne by it doarpsfeest. Sûnder muzyk wurdt it in hiele deade mienskip."
"It is ûnderdiel fan myn libben. Op de moandeitejûn as we repetearje dan bin ik hjir. Der is neat oars op de moandei."
Hy wie noch mar 12 jier âld doe't hy by de fanfare kaam. Bonnema komt út in echte korpsfamylje. "Myn heit wie by it korps en hast alle bruorren en sussen."
Je binne mei elkoar en litte elkoar net falle.
Durk Bonnema, muzikant fan De Bazuin
Oft hy in kar hie?
"Nee, ik krige in ynstrumint en der waard net oer praat. Mar blykber hie ik der wol nocht oan want ik bin der altyd op bleaun."
"De Bazuin is in echt famyljekorps. Der binne safolle minsken dy't mei mekoar ferbûn binne: bruorren en sussen, skoansussen en swagers, neven en nichten."
Repetysje fan de fanfare De Bazuin yn Tsjummearum
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
"Je binne mei elkoar en litte elkoar net falle. At der wat is mei sykte of wat ek mar, dan giet der in kaart rûn en set elk syn namme der op. It is in moaie sfear."

Jild foar kultuer

Ferline jier joegen Fryske gemeenten by elkoar opteld 65 miljoen euro út oan kultuer. Dat liket in soad, mar dat is 2 prosint fan de totale útjeften.
De Waadeilannen jouwe foar elke ynwenner it meast út oan kultuer. Dêrnei komme Ljouwert (€142) en Súdwest Fryslân (€134). Achterkarspelen (€17) en de Fryske Marren (€14) steane ûnderoan.
In lyts part fan de kultuerútjeftes giet nei de 200 Fryske muzykferienings.
Bonnema hat in soad moaie oantinkens oan syn tiid by it korps.
"Sa giene we mei Keninginnedei troch de buorren. Dat wie wat yn it doarp. Dan waard der nei de tiid host foar it kafee en letter kochten we in iisko. As bern fûn ik dat prachtich."

Bysûndere projekten

Hichtepunt fan de lêste jierren binne bysûndere projekten, sa fynt Bonnema. Lykas de Oergong yn 2022, in muzykfoarstelling by de seedyk mei komponist Sytze Pruiksma.
De Oergong by it Waad yn 2022
© Goffe Jensma
"Dat wie hartstikkene moai! In wike lang muzyk meitsje en dan jûns noch even mei mekoar sitte yn de tinte. Dat is ek belangryk hè."

Jild foar muzykferienings

Der sit in grut ferskil tusken de stipe fan gemeenten oan korpsen yn Fryslân. De iene gemeente jout wol struktureel jild en de oare mar ien kear mei ferskate regelingen at der in evenemint is bygelyks.
Neffens Keunstwurk en de muzykkoepel OMF binne de gemeenten Noardeast-Fryslân, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân it meast royaal.
De Fryske Marren, Smellingerlân en de Waadeilannen jouwe it minst. Mar De Fryske Marren hat noch wol in muzykskoalle en Ljouwert bygelyks net mear. Dus de lêste gemeente jout yn ferhâlding net in soad, neffens it OMF.
De fanfare nimt in hiel belangryk plak yn it libben fan Bonnema yn. Mar ek foar de mienskip fynt hy it ûnmisber.
"At Sinteklaas ynhelle wurdt of by it keatsen en it doarpsfeest en wy soene der net mear wêze? Wat soe it dan noch wêze? Wat is in mienskip sûnder muzyk? Mar dat jildt foar in hiele protte kultuer."

Gemeente Waadhoeke

Gemeente Waadhoeke, dêr't it korps fan Tsjummearrum ûnder falt, sit neffens it OMF yn de middenmoat at it giet om stipe oan de korpsen.
By De Bazuin fiele se dat de gemeente goedgeunstich tsjinoer de korpsen stiet. Wol moatte se by subsydzje-oanfragen oan hieltyd mear saken foldwaan.
Durk Bonnema sit al 67 jier by de fanfare: "It jout in ryk gefoel"
Dêrby falt te tinken oan dat in projekt ynklusyf of fernijend wêze moat of de jeugd derby belûke moat.
Ek is neat fanselssprekkend, sa fernamen se in pear jier lyn. De Bazuin hellet al jierren âld papier op. Dat binne ûnmisbere ynkomsten.
Mar de gemeente woe dat in pear jier lyn oars organisearje. By De Bazuin binne se hjir doe foar op de bres sprongen en hawwe dit foarnimmen witte te kearen.

Stim foar kultuer

At Bonnema takom wike nei de stimbus giet, dan hâldt hy by it jaan fan syn stim seker yn de achterholle wat in partij foar kultuer betsjut.
"It is belangryk dat de polityk wit wêr't it jild hinne moat."

Ferkiezingsrige

Woansdei 18 maart geane we wer nei de stimbus foar de gemeenteriedsferkiezingen. Omrop Fryslân sjocht hjirop foarút mei fiif ferhalen dy't troch de provinsje hinne spylje.
Wat dogge gemeenten om minsken mei in smelle beurs te helpen, hoe geane se mei de wenningbou om of krijt de kultuersektor noch wol genôch stipe fan de gemeente? Lês dizze ferhalen en folgje it ferkiezingsnijs hjir.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.