Jan Vermaning oerlibbe in hertstilstân, mar brûst noch fan muzikaliteit

Jan Vermaning
Jan Vermaning © Omrop Fryslân, René Koster
Musikus Jan Vermaning fan De Jouwer is nei 35 jier opholden as trompettist by it Noord Nederlands Orkest. Nei in hertstilsân kaam syn libben yn in oar perspektyf te stean.
Jan Vermaning groeide op mei muzyk. Mem siet by in koar en heit en de âldere bruorren sieten by de Jouster Fanfare. Al op jonge leeftiid kaam de lytse Jan by it korps.
Dit ferhaal leaver hearre? Dat kin! It is ek publisearre as podcast.
Hy koe aardich blaze en krige al gau de solo's op 'e lessener. "Ik bin doe nei it konservatoarium gien. Dat wie wol wat, want op it korps wie ik miskien de bêste, mar dêr bedarre ik tusken musisy dy't folle better wiene as ik."
It makke in soad yndruk. "Yn dy tiid kaam ik wolris gûlend thús om't ik net meikomme koe", wit Vermaning noch. Mar mei troch syn fanatisme kaam it goed en bedarre hy úteinlik as trompettist by it Noord Nederlands Orkest.
Muzyk stiet sintraal yn it libben fan Jan Vermaning
Muzyk stiet sintraal yn it libben fan Jan Vermaning © Shutterstock.com (Kitreel)
As hichtepunt yn syn karriêre neamt er de útfiering fan de twadde symfony fan Mahler. Vermaning is fan fan Mahler en dy symfony sit ek nochris in favoryt diel mei twa trompetten.
"Dy depressive Mahler slagget der fantastysk yn om syn emoasjes yn de muzyk te lizzen. Dat rekket my écht", seit Vermaning. It stik 'Auferstehung' grypt him noch mear oan troch in yngripende persoanlike ûnderfining.

Hertstilstân en himelsk ljocht

It barde yn 2016: Vermaning krige in hertstilstân. "Nei it dielnimmen oan in achtste triatlon bin ik der by delfallen en út de tiid rekke." Vermaning waard reanimearre troch freonen en in 17-jierrige omstanner.
"Eins hie ik my al oerjûn, want it wie sa prachtich. Ik seach in bepaald ljocht en fernaam in sereniteit dy't nearne mei te fergelykjen is. It wie himelsk", sa omskriuwt hy it.
Efterôf is fêststeld dat ik acht minuten klinyksk dea west haw. Dêrnei steane je wol oars yn it libben.
Jan Vermaning
"Mar nei twa kear besykjen mei in defibrillator wie ik der wer. Efterôf is fêststeld dat ik acht minuten klinyksk dea west ha", fertelt hy. "Dêrnei steane je wol oars yn it libben."
Nei it oerlibjen fan de hertstilstân kaam syn libben yn in oar perspektyf te stean. Vermaning docht it net perfoarst rêstiger oan, mar set syn enerzjy op oare plakken yn.
De hertoanfal hie in grutte ynfloed op Vermaning
De hertoanfal hie in grutte ynfloed op Vermaning © Shutterstock.com (pics five)
It is net sa dat alles feroare is, mar Vermaning stiet der sels oars yn. "Je sjogge mear de betreklikheid fan alles en ek skerper de dwylsin fan wat minsken inoar yn it ferline oandiene en noch altyd oandogge."

Projekten mei de oarloch

Yn it projekt 'Er reed een trein naar Sobibor' koe er mei dat gefoel oan 'e gong. It waard in grut sukses en dat is it noch altyd. It waard in klassyk muzykprogramma as ramt fan persoanlike oantinkens fan Jules Schelvis. Hy wie in oerlibbene fan konsintraasjekamp Sobibor.
It jout in oangripend byld fan wat dêr bard is en it set minsken oan ta tinken. "Earlik sein is dat is dat hjoed-de-dei mear nedich as ea", fynt Vermaning, dy't dêrby ek wiist op it foarearst útstellen fan in nij projekt oer deportaasjes nei Westerbork.
De publisiteit om dit projekt hinne luts in swiere wiksel op de Joadske mienskip. Fanwege antysemityske reaksjes is it plan yn de iiskast set.
Jan Vermaning yn aksje as dirigint
Jan Vermaning yn aksje as dirigint © Piebe van den Berg
Hoewol't Jan Vermaning opholden is by it Noord Nederlands Orkest is hy net fan doel om stil te sitten. "Nee, bepaald net. Ik brûs fan de ideeën. Sa bin ik op 'e Jouwer noch belutsen fan tal fan klassike muzykaktiviteiten, spylje en dirigearje ik hjir en dêr op útnûging en wol oan 'e gong mei nije projekten."

'Karnaval fan 'e bisten'

Sa lit hy him ynspirearje troch 'Het Carnaval der Dieren.' Dat is in ferneamde komposysje fan 14 parten út 1886 fan de Frânske komponist Camille Saint-Saëns, wêrmei't in rige bisten útbylde wurdt.
Vermaning wol de komposysje nei Fryslân ta helje. "We hawwe hjir ommers it Fryske hynder, de wetterhûn, de ljip en de skries, neam mar op."
Sa sit Vermaning noch grôtfol plannen. "En dêr haw ik no de tiid ek foar."