Omrop Fryslân

De pakesizzers binne de ljochtpuntsjes foar sike Gosse

De pakesizzers binne de ljochtpuntsjes foar sike Gosse
Yn Mûnein is Gosse Damstra allinnich thús, frou en dochter binne de doar út te winkeljen. Damstra komt dochs al net folle út 'e hûs, troch de senuwsykte neuropaty hat hy in soad pine.
Spultsjes dwaan op 'e telefoan biede wat ôflieding. Ien kear yn de trije moanne krijt Gosse in ynfús mei ketamine. Dat helpt him goed, mar dêrfoar moat hy al in hiele dei nei it sikehûs yn Dokkum.
Oan de wand hinget in foto fan syn earste pakesizzer mei de hûn. Dêr fleuret Gosse hielendal fan op. Sa no en dan past hy mei syn frou in moarnsskoft op har op.
"De pakesizzers binne myn ljochtpuntsjes, sa moai", glimket hy.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.