Bussamler Melle hat noch gjin tiid om yn 'e kiste te krûpen
Bussamler Melle hat noch gjin tiid om yn 'e kiste te krûpen
Melle van der Goot stiet yn Fryslân bekend as de bushistoarikus fan Rûgehuzen. Yn de loads by syn hûs hat er in ymposante kolleksje mei alles wat te krijen hat mei it eardere busferfier yn Fryslân. Mar Melle is siik en hat grutte soargen oer syn museum.
Yn augustus krige Melle fan de dokter te hearren dat er sloktermkanker mei útsieddingen hat, en dat der gjin behanneling mear mooglik is. "Ik jou dy noch in jier", sei de dokter. Dochs hat Melle noch lang gjin tiid om yn 'e kiste te krûpen, want syn aginda stiet noch grôtfol.
Syn grutte soarch is de takomst fan syn museum. It leafst wol er dat de kolleksje byinoar bliuwt en in moai plak krijt. It minne nijs falt him swier en hy wol eins net tajaan, mar Melle bliuwt ek nochter en optimistysk. Hy sjocht foarút en seit: "Takom jier sjogge wy elkoar wer."