Sybe hat leverkanker hân mar pakt de tried wer op
Sybe hat leverkanker hân mar pakt de tried wer op
It libben fan Sybe Bos út De Wylp bongele oan in siden triedsje. Fiif jier lang hie hy leverkanker, mar in transplantaasje kaam krekt op tiid. No klaut er stadichoan wer by de wâl op.
Sybe en syn frou ha in drege tiid achter de rêch, en it genêzen giet noch stadich. Sân moanne hat er yn it sikehûs lein, doe koe er hast net mear rinne en prate.
Mar Sybe is fol goede moed. Hy docht oefeningen om fitter te wurden en sil ek te swimmen. De stipe fan syn húshâlding en syn maten hat him hiel goed dien.
Om hûs hinne steane in pear âlde trekkers dy't opknapt wurde moatte. Sybe hat der sin oan om dat karwei skielk ek wer op te pakken.