Skieppeskearmaraton smyt 17.000 euro op foar kankerbestriding
Skieppeskearmaraton smyt 17.000 euro op foar kankerbestriding
It wie dreech, mar it is slagge. Fjouwerentweintich oeren lang ha Johannes Kloosterman en Gerrit Crum oan it skieppeskearen west foar it goeie doel, KWF Kankerbestriding.
Mear as 1400 skiep ha se út de jas helle, allegearre mei it doel safolle mooglik jild te generearjen. It úteinlike bedrach komt út op 17.000 euro.
It idee foar de aksje is ûntstien omdat beide skearders yn harren famyljerûnte mei kanker te krijen ha. De skoanheit fan Johannes is noch mar krekt ferstoarn en Gerrit syn skoanheit hat kanker. Ek de eigener fan de skiep, Martin Reitsma, kin der oer meiprate. Hy hat syn bêste maat oan de sykte ferlern.
Triennen
De trije mannen kinne elkoar út de skieppeskearderswrâld. Johannes is Nederlânsk kampioen en Gerrit is de nûmer twa. Om foldwaande skiep foar de skearaksje byinoar te krijen wie noch in hiele logistike put.
As de lêste skiep troch de hannen fan de skearders geane, komme de emoasjes en triennen los. "Triennen fan gelok en grutskens dat we dit mei syn allen dien ha", seit skieppeboer Martin Reitsma.