HEA! De moaiste tiid fan it jier
HEA! De maitiid is yn it lân
De maitiid is yn it lân en dat is seker te fernimmen by boerinne Hante van der Veer yn Wjelsryp. It is de moaiste tiid fan it jier, fynt se.
De famylje hat in feebedriuw en in skieppebedriuw en Hante is hielendal yn dizze tiid allinnich by de skiep te finen. Der binne op dit stuit al 300 lamkes berne en it is in drokte fan belang yn de kreamkeamer.
Hante is der oerdeis altyd by as ien fan de skiep lamje moat en de fersoarging fan de wouterkes nimt ek in soad tiid. Yn totaal sit se gau trije moannen yn de lammerij, mar it kin har net lang genôch duorje.