Ferskuorrende spannend op Skylge: ferskil tusken nûmers ien en twa is twa stimmen
De ferkiezingsútslach is op Skylge tige spannend. It ferskil tusken de boppeste twa partijen: Leefbaar Terschelling en Plaatselijk Belang Terschelling is mar twa stimmen yn it foardiel fan earstneamde.
De stimmen wurde noch kontrolearre, en dus kin de definitive útslach ek sa de oare kant op falle.
Beide partijen krije twa sitten, en dat is likefolle as de VVD, Samen Terschelling en de PvdA. It CDA bliuwt stabyl mei ien sit.
It opkomstpersintaazje lei mei 69,4 prosint flink heger as yn 2022: 64,7 prosint.