Liveblog | 19 maart

Lokale partijen de grutte winner | GroenLinks-PvdA krijt hurde klap

Yn dit livebloch fynsto it lêste nijs oer de gemeenteriedsferkiezingen.

  • Sjoch op dizze kaart hoe't yn de Fryske gemeenten stimd is;
  • Yn totaal brocht 56,4% fan de 533.200 Friezen mei kiesrjocht har stim út;
  • De lokale partijen binne de grutte winner fan de gemeenteriedsferkiezingen yn Fryslân.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 19 maart, 02:38
tongersdei 19 maart
02:38

Hegere opkomst as yn 2022

Fan de 533.200 Friezen mei kiesrjocht is yn totaal 56,4 prosint nei de stimbus gien. Dat binne 301.271 fan de 533.927 Friezen mei kiesrjocht.
Dat is mear dan by de gemeenteriedsferkiezingen fan 2022. Doe wie 53,8 prosint.
Yn Fryslân binne 1.060 stimmen blanko ynfolle en 570 stimmen binne ûnjildich ferklearre.
02:30

CDA de grutste yn fiif gemeenten

Listlûker Bauke Dam (CDA Súdwest-Fryslân)
© Omrop Fryslân, Casper Slotboom
It CDA hâldt knap stân yn Fryslân. Yn fiif gemeenten binne de kristendemokraten sels de grutste partij wurden. Fjouwer jier lyn wiene dat noch mar twa (Dantumadiel en Achtkarspelen).
Opfallend genôch moat it CDA dêr dan wer de winst oan Gemeentebelangen Dantumadiel en de FNP litte.
Bûten it CDA wie it foar de oare konfesjonelen, de partijen mei in kristlike basis, gjin moaie ferkiezingsjûn.
De ChristenUnie ferliest yn totaal 8 sitten. It hâldt yn de 13 gemeenten dêr't it aktyf is noch 18 sitten oer.
Yn seis fan dy gemeenten bliuwt it oantal sitten wol gelyk, mar hat de partij prosintueel minder stimmen krigen as by de foarige riedsferkiezingen.
De SGP is allinne aktyf yn Dantumadiel en Smellingerlân. Yn Dantumadiel krige de partij minder stimmen, mar behâldt it wol syn sit. Yn Smellingerlân komt de SGP just nij yn de ried, mei ien sit.
01:53

Klap foar GroenLinks-PvdA

It wie in bittere ferkiezingsjûn foar de kombinaasje GroenLinks-PvdA. It krige in flinke tik yn Fryslân. Se hâlde noch 47 sitten oer nei dizze gemeenteriedsferkiezingen.
Mar de fraksjes leverje mei-inoar leafst 20 sitten yn. Wie de partij fjouwer lyn noch de grutste yn seis gemeentes, dêr bliuwt allinnich de haadstêd Ljouwert fan oer. Sels yn it tradisjonele bolwurk Hearrenfean is de partij net mear de grutste. De partij giet dêr fan 10 nei 5 sitten.
Yn de gemeenten Noardeast-Fryslân, Skylge en Amelân die de Partij van de Arbeid noch selsstannich mei. Dy fraksjes behâlde itselde oantal sitten (5), mar ek yn Noardeast-Fryslân en Skylge ferlear de partij stimmen.
Weststellingwerf is wat in frjemde ein yn it bit. Dêr hat GroenLinks in kombinaasje mei D66 en de PvdA mei SDW. Mar ek dy ferlieze respektyflik twa en ien sit. Beide kombinaasjes hâlde noch twa sitten oer.
01:29

Lokale partijen it faakst de grutste partij

As we sjogge nei welke partijen de grutste wurden binne yn de gemeenten, dan hawwe de lokalen wûn.
Dat binne AmelandEén, Gemeentebelangen Dantumadiel, Heerenveen Lokaal, Vrije Partij Ooststellingwerf, Opsterlands Belang, Ons Belang Schiermonnikoog, Leefbaar Terschelling, Nieuw Liberaal Vlieland, SAM Waadhoeke en Weststellingwerfs belang.
It CDA is yn fiif gemeenten de grutste, GL-PvdA yn ien gemeente. De FNP is as provinsjale partij yn twa gemeenten de grutste wurden.
01:01

Ek Ljouwert is klear mei it tellen fan de stimmen

De útslach yn Ljouwert
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
GroenLinks-Pvda bliuwt de grutste yn Ljouwert, mar moat wol sitten ynleverje. Der bliuwe der 9 oer.
D66 wurdt de twadde partij yn de haadstêd mei 5 sitten. Dêrachter komme FNP, Gemeentebelangen058, CDA en VVD mei elk 4 sitten.
Forum voor Democratie komt op 3 sitten, wylst JA21 2 sitten pakt.
ChristenUnie, SP, Slim en Partij voor de Dieren helje allegear 1 sit.
woansdei 18 maart
00:35

We wachtsje noch op Ljouwert

Ek Harns hat de útslach klear. De grutte winner dêr is it CDA dat fan 3 nei 5 sitten giet. Dy 2 sitten komme fan GroenLinks-PvdA, dat fan 5 nei 3 sitten giet.
By de oare partijen yn Harns liket neat te feroarjen. Harlinger Belang bliuwt op 3 sitten, VVD en Wad'n Partij op 2 sitten en HOOP en D66 op 1 sit.