Liveblog | 18 maart

Dit wie de ferkiezingsdei yn Fryslân | Yn de limûsine te stimmen yn Dantumadiel

Yn dit livebloch fynsto it lêste nijs oer de gemeenteriedsferkiezingen.

  • 533.200 Friezen meie hjoed nei de stimbus;
  • Om 15.00 oere hiene mear as 100.000 Friezen mei stimrjocht stimd
  • Us nijs oer de ferkiezingen fynst ek op ús dossierside.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 18 maart, 19:59
19:59

Ein fan dit bloch

We binne oan 'e ein fan dit bloch. De opkomstsifers fan 19.00 oere rinne stadichoan binnen en dy sifers kinst fine yn ús nije ferkiezingsbloch. Dêr hâlde we dy ek op 'e hichte fan oar ferkiezingsnijs.
Us farske ferkiezingsbloch fynst ek fia ûndersteande link:
17:44

In rûntsje lâns de stimburo's yn De Fryske Marren

Ek yn De Fryske Marren wurdt hjoed drok stimd yn de ferskate stimlokalen. Radio Spannenburg gie efkes del by in tal lokaasjes.
17:13

Nije opkomstsifers fan trije Waadeilannen

Yntusken binne der nije opkomstsifers fan Skylge, Flylân en Skiermûntseach bekend. Op Skylge ha krekt mear as de helte fan de minsken mei stimrjocht stimd: 50,1%. Dat binne 2.118 minsken.
Op Flylân ha 529 minsken nei de stimbus west. Dat komt del op 50,7% fan de minsken mei stimrjocht.
Op Skiermûntseach leit it persintaazje noch heger: 63,3%. Dat binne 523 minsken.
16:50

Yn Dantumadiel kinst op in bysûndere manier te stimmen

Om de opkomst by de ferkiezingen te ferheegjen, set de gemeente Dantumadiel in opfallend ferfiermiddel yn: in grutte wite limûsine.
Ynwenners wurde thús ophelle en nei it stimmen wer werombrocht. En dat sjocht der sa út:
16:30

Opkomstpersintaazje Amelân it heechst

Mear as 100.000 Friezen hawwe stimd
© Jerfi Pompier / NoorderNieuws
De measte Fryske gemeenten hawwe in nije rige opkomstsifers bekend makke. Yn de gemeente Amelân hawwe oant no ta de measte minsken mei stimrjocht stimd: 44,6%.
Fan guon gemeenten binne de sifers noch net bekend.
Krekt wat mear as 100.000 Friezen ha no stimd.

Opkomstsifers (15.00 oere)

Gemeente Oantal stimmers (persintaazje)
Achtkarspelen 6.339 (28,17%)
Amelân 1.404 (44,6%)
Dantumadiel 4.692 (30,85%)
Eaststellingwerf 5.848 (28,86%)
Flylân -
De Fryske Marren 11.699 (27,76%)
Harns 3.496 (26,4%)
Hearrenfean 11.338 (27,03%)
Ljouwert 28.523 (28%)
Noardeast-Fryslân 11.471 (31,57%)
Opsterlân 6.575 (27,07%)
Skiermûntseach -
Skylge 1.852 (43,8%)
Smellingerlân 11.596 (25,67%)
Súdwest-Fryslân 18.794 (25,93%)
Tytsjerksteradiel 8.431 (32,42%)
Waadhoeke 10.168 (26,94%)
Weststellingwerf -
15:54

Forum voor Democratie Achtkarspelen net oanwêzich op útslaggejûn

It Forum voor Democratie Achtkarspelen is jûn ôfwêzich by de mienskiplike ferkiezingsjûn yn it gemeentehûs fan Bûtenpost.
Yn stee dêrfan hat de partij derfoar keazen om de útslaggen ôf te wachtsjen yn in ôfhierd kafee yn Surhústerfean.
"Wij zullen daarom vanavond helemaal niet meer op het gemeentehuis komen", lit listlûker Marcello Stewart witte oan RTV NOF.
De oare politike partijen binne jûn wol fertsjintwurdige yn it gemeentehûs fan Bûtenpost.