Omrop Fryslân

Ljouwert hat dit jier in stimburo foar minsken mei demintsy: "Hiel bysûnder"

Cristien Bajema fan de gemeente Ljouwert hinget it logo van Alzheimer Nederland op
© Omrop Fryslân
In rêstich plak om te stimmen, spesjaal foar minsken mei demintsy. Foar it earst kinne stimmers woansdei dêrfoar terjochte yn de Adventkerk yn Ljouwert.
De tsjerke yn de wyk Bilgaard is spesjaal ynrjochte foar minsken mei demintsy.
"Wy binne dit jier in demintsy-freonlike gemeente wurden en sieten as groep te harsenskrabjen om te sjen wat wy ekstra dwaan koene", fertelt beliedsmeiwurker Cristien Bajema fan de gemeente.
De lokaasje is mei reden útkeazen as spesjale stimlokaasje.

Paadwizers en rêstich sitte

"It is in rêstige lokaasje. We hawwe hjir dúdlike paadwizers en in plak dêr't minsken noch efkes rêstich sitte kinne. De minsken dy't hjir helpe, witte mear fan demintsy en ek hoe't je dermei omgean moatte."
Ljouwert hat in stimburo foar minsken mei demintsy: "Hiel bysûnder"
Bajema is wiis mei it inisjatyf. "Yn Nederlân hawwe in oantal gemeenten it, mar neffens my hawwe wy dit yn Fryslân noch net, dus it is bêst bysûnder dat wy dit hawwe."
Se fynt it wichtich om minsken mei demintsy ek de kâns te jaan om op in noflike wize te stimmen. "Sy wolle sa lang as mooglik meidwaan oan it 'gewoane' libben."
De stimhokjes wurde delset yn de tsjerke
© Omrop Fryslân
Bajema wit fan eardere ferkiezingen dat de stimlokaasje yn de Adventkerk rêstiger is as oare lokaasjes yn Ljouwert. Wol is se benijd hoe't de opkomst woansdei wêze sil, no't de lokaasje krekt wat oars is.
"Ik fyn it bêst spannend en ik bin hiel benijd. Komme der in soad minsken spesjaal foar en hoe giet it? It is foar ús ek de earste kear, dus we sille sjen wat it wurdt."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.