Omrop Fryslân

Ferskil tusken FNP en CDA 49 stimmen yn Achtkarspelen

Tjibbe Brinkman is bliid
© Omrop Fryslân
It skeelde mar 49 stimmen, mar de FNP is de grutste partij fan Achtkarspelen wurden. De partij fan listlûker Tjibbe Brinkman giet fan fjouwer nei fiif sitten yn de ried.
It CDA leveret in sit yn en komt ek op fiif sitten út. Kwa oantal stimmen dus mar krekt ûnder de FNP.
De útslach fan de gemeente Achtkarspelen
© ANP
Forum voor Democratie giet der yn sitten it meast op foarút. Dy partij giet fan ien nei trije sitten. GBA foel just werom fan trije nei ien sit.
De opkomst lei mei 55,1 prosint wat heger as yn 2022. Doe lei it opkomstpersintaazje op 52,8 prosint.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.