Omrop Fryslân

Better foar Tytsjerksteradiel knalt de ried yn mei fiif sitten

Jesse Looijenga
© Omrop Fryslân
Better foar Tytsjerksteradiel sjit de gemeenteried yn mei fiif sitten. De partij fan listlûker Jesse Looijenga hat dêrmei likefolle sitten helle as it CDA.
Foar de oare partijen wie it in kwestje fan sitferlies. De FNP, GroenLinks-PvdA en de ChristenUnie gienen der allegear mei ien sit op efterút.
De útslach fan de gemeente Tytsjerksteradiel
© ANP
In beskieden winst is der foar de VVD. Dy partij giet fan twa nei trije sitten. D66 bliuwt stabyl mei ien sit.
It opkomstpersintaazje lei dizze kear krekt wat heger as fjouwer jier werom (60,3 prosint om 59,1 prosint).

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.