Omrop Fryslân

SAM grutste yn Waadhoeke, gefoelich ferlies FNP

Hanna van der Werff
© Omrop Fryslân
SAM bliuwt de grutste partij yn de gemeente Waadhoeke. De partij behelle de measte stimmen by de gemeenteriedsferkiezing.
De partij fan listlûker Hanna van der Werff krige hast in kwart fan de stimmen (24,4 prosint). SAM behelle dêrmei sân sitten, likefolle as yn 2022.
De útslach yn de gemeente Waadhoeke
© ANP
De FNP gie hurd ûnderút. Dy partij gie fan seis nei twa sitten yn de ried.
Dêr't ferliezers binne, binne ek winners. Benammen de BBB falt op: dy partij komt mei trije sitten nij de gemeenteried yn. Ek de VVD wint (fan twa nei fjouwer sitten).
De opkomst lei yn de gemeente wat heger heger as fjouwer jier lyn (53,9 prosint om 50,4 prosint).

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.