Heerenveen Lokaal ûnttroanet GroenLinks-PvdA yn Hearrenfean
Heerenveen Lokaal mei listlûker Ankie Speel-Bakker hat de gemeenteriedsferkiezingen yn Hearrenfean wûn. De partij ferdûbelet yn sitten fan trije nei seis.
GroenLinks-PvdA giet krekt troch de helte (fan tsien nei fiif sitten). De partij is nei Heerenveen Lokaal noch wol de grutste yn de Feanster gemeenteried.
Forum voor Democratie en Frisse Wind 21 komme mei respektyflik trije en twa sitten nij de gemeenteried yn.
It CDA, de VVD en de SP ferlieze just in sit. Dêrmei ferlieze alle partijen dy't yn de foarige perioade de koälysje foarmen (PvdA, GroenLinks, CDA en VVD) yn Hearrenfean.
De opkomst lei mei 57 prosint in stik heger as yn 2022 (53,1 prosint).