Omrop Fryslân

It hert fan fuotbalkommentator Leo Driessen kloppet yn it Abe Lenstra stadion mar foar ien klup

Leo Driessen
© Orange Pictures
Al mear as 50 jier rint Leo Driessen (70) beropsmjittich yn 'e fuotbalwrâld om. As radio- en tv-kommentator wie er sawat yn alle stadions thús, mar gjin klup makket safolle by him los as Telstar. "Die club zit in mijn hart."
Dêrom ek sit Driessen jûn yn it Abe Lenstra stadion, as sc Hearrenfean it opnimt tsjin it yn degradaasjeneed ferkearende Telstar. En Driessen is net allinne taskôger, sûnt koart treedt er nammentlik op as parsesjef fan de klup út Velsen-Súd. We belje him en sjogge foarút op de wedstriid.
Goeie Leo. Hoe kaamst op it idee om parsesjef te wurden?
"Vooropgesteld, ik doe dit op vrijwillige basis. Ik wil er geen cent voor hebben."
"Oud-Telstar-voorzitter Pieter de Waard is een goede vriend van me, ik ken de trainer (Anthony Correia, red.) al van jongs af aan. Ik loop hier dan ook al vanaf mijn twaalfde rond, hé. Telstar zit echt in mijn hart."
Mijn belangrijkste advies? Bij regen schuilen.
Leo Driessen
"Ik heb 40 jaar als commentator in de eredivisie gewerkt, dus toen Telstar vorig jaar promoveerde, wist ik wel wat er allemaal op je afkomt als Ajax of PSV langskomt."
"Ze hebben hier allemaal bekwame mensen rondlopen en ik vul een beetje de gaatjes. Dan krijgen ze af en toen advies van een oude wijze, nee, grijze man."
Wat is it wichtichste advys datst jûn hast?
"Bij regen schuilen!"
Dat liket my ferstannich, hast ek noch oare advizen jûn?
"Sinds dit seizoen hebben hebben we een vast persmoment ingevoerd, twee dagen voorafgaand de wedstrijd. Daarbuiten doen we niks. Alleen in uitzonderlijke gevallen kan daarvan afgeweken worden. Dus dan trigger je de journalisten dat ze in ieder geval moeten nadenken als ze willen langskomen."
Falt it mei dyn oare wurk allegear in bytsje te kombinearjen?
"Ja hoor, qua tijd is het makkelijk te doen. Voor ESPN werk ik op de vrijdagavond voor het schakelprogramma van de Keuken Kampioen Divisie en ik doe nog Voetbalpraat. Telstar voetbalt vaak op zaterdagavond of de zondag, dus dat is prima te doen. "

Live by Omrop Fryslân

De wedstriid sc Hearrenfean - Telstar begjint sneon om 20.00 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân yn in ekstra sportprogramma op de radio.
It kommentaar is fan Arjen de Boer.
Dêrneist hoege jo ek online neat te missen fan wat der yn it Abe Lenstra stadion bart, want op ús webside en yn de Omrop-app is der in livebloch.
Telstar wûn ôfrûne wykein mei 4-1 by Fortuna Sittard. De wike dêrfoar wienen se mei 3-0 te sterk foar NAC Breda. Moat Hearrenfean benaud wêze foar Telstar?
"Nee hoor, dat hoeft helemaal niet. Maar ze moeten wel respect hebben voor Telstar."
Wat is dan de kracht fan dit Telstar?
"Ze zijn ongelooflijk fit en ze spelen een soort 'horzel-voetbal' waar je niet van afkomt. Het is echt heel erg lastig om tegen ze te voetballen."
Leo Driessen
© ANP
Dat komt fansels troch de trainer, Anthony Correia. Dy is hiel populêr en wurdt yntusken neamd as nije trainer fan AZ en FC Utrecht.
"Dat zeggen de journalisten, hè! Ik zit nu aan de andere kant en tussen wat er allemaal gesuggereerd wordt en wat de feiten zijn, daar zit een groot verschil tussen, kan ik u melden."
Wat is eins de moaiste wedstriid dy'tsto sjoen hast fan Telstar?
"Telstar speelt eigenlijk geen mooie wedstrijden. Nee da's niet waar. De 0-2 overwinning op PSV dit seizoen was razendknap. Die was ook verdiend, hè! Absoluut niet gestolen of zo."
Ferry de Haan tinkt dat Hearrenfean dit seizoen boppe Ajax einiget. Telstar kin der mar om tinke.
"Ik vind eigenlijk dat je niet met je borst vooruit moet lopen als je dit seizoen boven Ajax eindigt. En bovendien, om boven Ajax te eindigen, hoef je echt niet alles te winnen, hoor."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.