Omrop Fryslân

Gerrit hat it hûs fol elektroanika, stjoerders en fersterkers

Gerrit hat it hûs fol elektroanika, stjoerders en fersterkers
By Gerrit Tigchelaar hinget in LP fan Neil Diamond boppe de bank. It wie de alderearste plaat dy't de Ferwerter kocht hat. En der is in ferbining mei syn grutste hobby: lûdsapparatuer.
Stjoerders, fersterkers en alderhande elektroanika: it hûs fan de Ferwerter stiet der fol mei. En om mei dat guod om te nifeljen en der wer wat wurkjends fan te meitsjen fyn Gerrit moai.
Hy mei ek graach wat bewarje. Sa hat er syn earste mobile telefoan noch. Gerrit wie mear as 26 jier lyn ien fan de earsten op syn wurk dy't der ien hie.
Op syn kompjûter hat Gerrit tûzenen muzyknûmers opslein. Sa no en dan stjoert er út. Tsjintwurdich giet dat oer it ynternet, earder brûkte Gerrit de koarte golf. Under de namme 'Tokio' is hy doe ien kear snipt.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.