Fytsedokter Henk 'genêst' fytsen mei leafde
'Elts mei graach ris fytse' stiet op in houten buordsje ûnder de toanbank. De flier is noch fan granyt en de wanden hingje fol mei fytsûnderdielen. Foar it rút stiet in rige fytsen útstald.
It is de fytsereparaasjesaak fan Henk Blokstra yn Jobbegea, ek wol bekend as 'de fytsedokter'. Alle dagen is de 71-jierrige fytsmakker dwaande yn syn bedriuwke dêr't hy yn 1988 mei begûn is.
Eins binne motors en brommers de grutste leafhawwerij fan de lange Jobbegeaster mei it grutte bosk grize krollen. Mar "dêr is gjin drûge bôle mear mei te fertsjinjen."
Drege 'pasjinten' binne it moaiste
De wurkpleats fan Blokstra is ek midden yn it lytse saakje. In fyts hinget yn de takels oan it plafond, sadat de fytsmakker der goed by kin.
"It makket my net út mei hokker fyts of merk oft jo komme. As de ûnderdielen foar dy fyts hjir of dêr te leverjen binne, dan meitsje ik dat."
En de drege 'pasjinten', dat fynt de fytsedokter eins it moaiste. "Ik ha wol fytsen hân, dan koe in oar net fine wat it wie. En dan fyn ik dat wol út, en dan is dat leuk."
"Der is in oarsaak en in gefolch", dosearret Blokstra.
"As je troch in wetterplasse rinne en je krije wiete fuotten, dan dogge je oare sokken oan. Mar dat jout neat, je moatte oare skuon keapje. En dy oarsaak, dat besykje ik út te finen, dat binne myn 'pasjinten'."
VIP-lounge foar praters
De fytsmakker is 71 en al pensjoenberjochtige. "It 'heilige moeten', sa fan ik moat myn brea fertsjinje, dat is der net mear. It is no in stikje ekstra, mar ik fyn it sok moai wurk en ek it kontakt mei de minsken."
Dat it sosjale aspekt belangryk is foar Blokstra, docht wol bliken yn de winkel. Yn in hoekje stiet in âld taffeltsje mei in plús kleedsje en in stoel. 'VIP-lounge' stiet der op in buordsje boppe.
It is it plak dêr't klanten even sitte kinne, mar ek it plak dêr't doarpsgenoaten somtiden delstrike foar samar in praatsje. En dat doarp hat Henk der ek trochskuord, doe't it allegearre net sa goed mei him gie.
Jobbegea libbet mei yn drege tiden
Henk syn frou Willy, syn jeugdleafde, wurdt siik, se hat in seldsume spiersykte. Henk sels krijt in slim motorûngelok dêr't er jierren lêst fan hâldt.
Fanwegen Willy har siikwêzen dogge se yn 1999 de winkeldoar op it slot en ferkeapje se alles. Henk krijt in baan by brommerfabryk Tomos yn Epe.
As Willy hieltyd mear achterút giet, hâldt Henk dêr ek mei op. Hy fersoarget syn frou sa'n oardel jier oant har ferstjerren yn 2011.
Dan kin Jobbegea wol it imago ha fan in rûch doarp, mar hoe't se mei je meilibje en alles, geweldich!
It rekket Henk noch altyd as hy der oer fertelt. Emosjonearre fertelt hy oer de stipe dy 't hy krige út it doarp.
"Dan kin Jobbegea wol it imago ha fan in rûch doarp, mar 'ruwe bolster, blanke pit'. Hoe't se mei je meilibje en alles, geweldich!"
Stipe fan it doarp
"Ik libbe wat as in somby. Mar doe't der hjir wer feest wie yn Jobbegea fregen se my om te helpen by de muntsjesferkeap."
Dêr sit in bedoeling achter, docht bliken. It doarp wol Henk der wer by sjen te krijen.
Henk syn stim trillet en syn eagen wurde wiet as er dêroan weromtinkt. "Wat dan tsjin je sein wurdt... 'Bliid datst der wer bist!'"
'Wannear begjinst wer'?
Sa jouwe it doarp en de bern him de oanset om de fytsesaak wer te iepenjen. "Ik krige hieltyd mear fraach: 'wannear begjinst wer?' Dus dat ha 'k mar dien, en de finânsjes fregen der ek wol wer ris om."
De fytsmakker wol it earst mar ris trije dagen yn 'e wike besykje, mar fan dei ien ôf is it fuort wer drok. "Ik sei tsjin de bern: ik gean de hiele wike wer los!"
Yntusken hat Blokstra de wille yn it libben weromfûn. Hy krijt kunde oan Anna, dy't as klant yn syn winkel komt. Se wurdt syn nije partner, no alwer tolve jier.
Fytsmakkersfak feroaret
De 71-jierrige fytsmakker hellet noch bot foldwaning út syn wurk, ek al is der in soad feroare.
"It is tsjintwurdich folle mear elektroanika. Der binne noch wol fytsesaken, mar dat binne allinne ferkeapers. Spitich, want dan giet it fak ferlern. En guon dy't alles mei in kompjûter kinne, mar dy kinne it ketting der net om lizze."
"Je moatte beide kinne, dat fyn ik it moaie fan it fak."
Hingjend oan it plafond yn it grôtfolle saakje falt in âlderwetske dokterstas op. Henk hat him brûkt op de skoalle fan syn pakesizzer. Dêr hat hy de fytsen fan de skoalbern kontrolearre.
"Se hiene in projekt oer feiligens, en woene wat dwaan mei fytsen. Doe sei sy: 'Dat kan mijn pake wel doen, die is fietsendokter!' Prachtich no?"
Sjoch hjir nei de reportaazje dy't HEA! makke oer Henk Blokstra:
Fytsedokter Henk 'genêst' fytsen mei leafde