Tecla en Akke fytse de Alvestêdetocht foar de 50e kear: dat bart foar it earst
Noch net earder fytsten froulju de Fytsalvestêdetocht 50 kear. Mar ynkoarten is de primeur foar Tecla Sikkes-Brandsma (69) út Nijbrêge en Akke Terbraak-van der Werf (79) út Hoogeveen.
"Ik wie 16 jier doe't in freondinne my frege oft ik ek meidwaan woe. Dat like my wol wat", fertelt Tecla oer har alderearste kear.
"Ik wist hielendal net wêr't ik oan begûn, ik wie net traind. Ik fytste allinne alle dagen fan It Heidenskip nei Boalsert nei skoalle."
Dy earste kear ferjit Sikkes dan ek net gau.
"Yn Holwert wie ik al stikken. Dy nachts hawwe wy yn Boalsert slept. De oare deis werom nei It Heidenskip binne we steand op 'e fyts gien, we koene net mear sittend op it seal thúskomme."
Gjin seemlear
Doe't Akke har man Jan út Boalsert kennen learde, kaam al gau syn fraach: "Dochst ek mei?"
Har earste edysje wie ein sechstiger jierren, noch op gewoane fytsen en sûnder echte fytsbroekjes mei seemlear yn it krús.
"Dan diene we mar in trui oer it seal, mar dy seare billen fernaam ik doe ek wol!"
Beide froulju bleaune dêrnei altyd fytsen. Tecla fynt it noch altyd geweldich.
"Pinkster stiet foar my altyd yn it ramt fan de Alvestêdetocht. De bern dy't 'm no ek fytse en dy't mei harren fytsmaten by ús sliepe. It is te leuk, en as ik fit genôch bin, gean ik troch. Miskien dat ik de 60 kear noch helje."
By Terbraak sloech it fytsfirus net fuortendaliks ta.
"Ik haw it wolris besocht: 'No dogge we wat oars mei de pinksterdagen, net wer fytse.' Mar nee, dêr mocht ik net oankomme, Pinkster wie hillich. Myn man hat 'm al 60 kear dien."
Tachtich jier
"Mei 30 kear soe ik ophâlde, ik krige lêst fan de rêch. Mar mei oefeningen is dat wer ferholpen", fertelt se.
"En no fyn ik it geweldich dat ik op de 50 kom. Mar dit wurdt de lêste kear. Trije wike dêrnei wurd ik tachtich, dan is dit in moaie ôfsluting."
Sikkes fytste de tocht sels fjouwer kear wylst se yn ferwachting wie. Skoanmem fûn dat mar beswierlik, mar de húsdokter joech altyd grien ljocht.
As Tecla fytste, giene de bern nei in omke en muoike yn Warkum. Ek Tecla's mem stie har dan dêr op de Prystershoek oan te moedigjen.
Bananen fan mem
"Ik krige dan altyd bananen fan har. Sy wie myn grutste supporter. Ek doe't se yn ferpleechhûs Bloemkamp yn Boalsert lei, wiene der noch bananen foar my. Spitigernôch ferstoar se njoggen jier lyn. Mar noch altyd gean ik mei de Alvestêden efkes nei har grêf yn Warkum ta."
Akke Terbraak begjint har 50ste edysje yn de earste startgroep.
"It Is wol betiid, mar dan hast it wol de hiele dei oan tiid. We dogge rêstich oan, drinke kofje yn Dokkum, lunche yn Boalsert by freonen en yn Aldemardum dogge we wer in bakje."
"Ik wol noch mar net tinke oan dat it myn lêste kear is, dat sko ik noch in bytsje fan my ôf. De sfear fyn ik geweldich, al dy minsken by de kant del, dat sil ik wol misse."
Har 50ste kear giet lykwols net anonym foarby.
"Us groep fytst mei griene mûtskes oer de fytshelm mei 'Akke 50 maal' derop", laket se.
Tecla Sikkes hopet dat har 50ste tocht net in hiele waarme wurdt. "Dan wol it foar my hielendal net fytse. Jou my mar rûch waar en rein, dêr jou ik neat om!"