Piraat Seye krijt syn nocht net fan syn piratestjoerder: "It is krekt as in ferslaving"
Piraat Seye de Lang
De tún en de ruten fan Seye de Lang yn Hurdegaryp falle fuort op. Der stiet in grut ferskaat oan guod, dat hy sels moai fynt. Wa't ien kear by him binnenstapt, komt net yn in wenkeamer, mar yn in grôtfolle piratestudio.
Tusken de mingpanielen, snoeren, stekkerdoazen en mikrofoans libbet Seye syn grutte passy: muzyk. "Muzyk is as in sigaret", seit er; "As je der ien kear mei begjinne, kinne je der noait wer mei ophâlde, it is in ferslaving."
De húskeamer is oan't de nok ta fol, mar alles hat syn plak. Seye draait foaral platen foar himsels, mar ek wol op fersyk fan harkers fan syn piratestjoerder, benammen om de feestdagen hinne.
Syn leafde foar muzyk begûn al op 'e legere skoalle. Foaral it Nederlânsktalige liet hat him pakt en syn grutte favoryt is Henk Wijngaard, mei it nûmer Uitweg.
Wat oaren fine fan syn grôtfolle hûs, kin him neat skele. "Je moatte it jesels nei it sin meitsje."