HEA! 'De Vrolijke Strijders' dei en nacht yn de loft

HEA! 'Piratepake' Trienes
24 oeren deis en 18 dagen lang binne se te hearren: de piraten fan 'De vrolijke strijders' út Droegeham. De 14 deejays binne wer dwaande mei harren útstjoermaraton oan de ein fan it jier.
Ut it sportkompleks fan VV Drogeham wei draaie de piraten plaatsjes op fersyk. Trienes de Boer, oftewol 'de Omega', is mei syn 73 jier de âldste piraat. Hy is der al fan it begjin ôf by. Machtich moai om te dwaan, fynt hy.
De groep kin goed mei-inoar opsjitte en foar de geselligens wurdt der ek in pilske by dronken. Mar tagelyk wurdt der ek tocht oan kollega-piraat Albert 'de Blauwe Bever', dy't der net mear by is. Hy is troch in needlottich ûngelok om it libben kaam.