Omrop Fryslân

Disel djoerder as 2,50 euro: transportbedriuwen en rydskoallen stean ûnder druk

De diselprizen wurde hieltyd heger
© NoorderNieuws
Foar it earst leit de lanlike advyspriis foar disel boppe de 2,50 euro per liter. Dat hat fansels te krijen mei de oarloch yn it Midden-Easten. Fryske transportbedriuwen en rydskoallen fernimme de gefolgen.
De rappe stiging fan de diselprizen set transportûndernimmers ûnder swiere druk, jout Klaas Halma fan ûndernimmersorganisaasje Transport en Logistiek yn it Noarden oan.
"Dy druk is best wol heech, dêr meitsje wy ús wol soargen oer", fertelt hy. "We sjogge dat de kosten al best wol heech wiene troch de eardere ferhegingen en in frachtweinheffing fan tsien prosint dy't fan 1 july ôf fan krêft wurdt."
Troch de hegere diselpriis komt de sektor noch mear ûnder druk te stean, seit Halma.

Brânstofklausule

By transportbedriuw De Vries yn Hallum hawwe se ek lêst fan de oprinnende prizen.
"Het beïnvloedt de transportsector, dit merk je natuurlijk het meest aan de 35 cent verhoging die er is", seit jout Ben Westerhof, salesmanager by De Vries. "Gelukkig kunnen we dit met de dieseltoeslag redelijk compenseren."
Halma is bliid dat de measte bedriuwen sa'n klausule yn it kontrakt opnaam hawwe.
"Mar dat fangt net de folsleine ferheging op", leit Halma út. "In soad bedriuwen hawwe in klausule per moanne. Dan prate je oan it begjin fan de moanne in ferheging ôf, mar no sjogge wy dat de priis yn 'e rin fan 'e moanne al hiel bot omheech giet. Dit ferskil makket it foar ús ûndernimmers wol soarchlik."
Transportbedriuwen stean ûnder druk
© Lennart Jan Geerts
Hjir hat De Vries in oplossing foar fûn. "Wij hadden die dieseltoeslag altijd op een maandbasis, maar die bepalen we nu op weekbasis", seit Westerhof.
Foar harren is it goed plannen fan de frachtweinen op dit stuit wichtich. "Vroeger was een paar kilometer omrijden niet zo spannend, maar nu ga je elke kilometer die je omrijdt in de portemonnee voelen."

Konsumint wurdt de dupe

Troch de hegere transportkosten fan itensguod sil de konsumint yn de supermerk mear betelje. "It stikje transport is in ûnderdiel fan dy hiele logistike keten foar de klant. As it transport djoerder wurdt, dan sil de klant it ek troch berekkenje yn syn eigen produkt", seit Halma.
Westerhof stimt hjir mei yn: "Uiteindelijk is de consument hier de dupe van."
Ek rydskoallen fernimme de hege brânstofkosten
© ANP
Dêr bliuwt it net by, it heljen fan in rydbewiis wurdt bygelyks djoerder.
By rydskoalle Oosterpoort is dêrom in tydlike diseltaslach ynfierd foar frachtwein- en buslessen, seit operasjoneel direkteur Gert Jan Schreuder.
"Wij tanken als Oosterpoort Groep tussen de 175 en 200 duizend liter diesel en ongeveer 200 duizend liter benzine per jaar. Een prijsstijging van 30 cent per liter heeft enorme gevolgen voor ons. Dus vandaar dat wij die dieseltoeslag tijdelijk hebben doorgevoerd."

Earlik

It giet om 4,10 euro per oere per kandidaat. Foar de auto- en motorlessen is dit foarearst net nedich. "Maar als dit zo doorgaat ontkomen we er niet aan om dit ook door te voeren voor de auto", jout Schreuder oan.
Hy hopet dat it in tydlike oplossing is. "Ik heb ook rijscholen gesproken die de prijzen omhoog hebben gegooid, dan doen wij niet. Dat vind ik niet eerlijk", seit er.
"Komen we boven een bepaalde prijs, treedt de toeslag in werking. Daaronder halen we het er meteen af, dat is het eerlijkste voor de klant.
"Wij hopen dat dit er zo snel mogelijk af gaat, het is inmiddels namelijk al vrij duur."
Ik verwacht dat mensen iets voorzichtiger zullen worden als ze hun rijbewijs willen halen.
Gert Jan Schreuder fan de Oosterpoort Groep
Schreuder ferwachtet dat der genôch wurk bliuwt. "Transportbedrijven moeten investeren in nieuwe vrachtwagenchauffeurs, dus ik verwacht niet dat dit ineens stopt."
Dat leit foar partikulieren oars. "Die zal extra nadenken of diegene nu een rijbewijs wil halen", seit Schreuder. "Ik verwacht dat mensen wel iets voorzichtiger zullen worden in het halen van het rijbewijs."

Oerheid moat yngripe

In yngreep fan de oerheid is it beste, sizze de trije mannen.
"We zijn afhankelijk wat de overheid hiermee gaat doen", seit Schreuder. "In België hebben ze een plafond ingesteld, als het er boven komt dan wordt het afgeroomd door de overheid. Als ze dat in Nederland ook doen, gaan we dat in positieve zin direct voelen aan de pomp."
In aksynsferleging soe in goeie oplossing wêze. "Als dit langer duurt, denk ik dat de overheid zal ingrijpen, dat is wel echt een oplossing", jout Westerhof oan.
Schreuder follet oan: "De overheid kan denk ik niet anders, het wordt voor iedereen onbetaalbaar."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.