Der is genôch brânstof yn Fryslân foar de kommende tiid: "Hamsterjen hoecht net"
De gefolgen fan de ûnrêst yn it Midden-Easten binne ek yn Fryslân te fernimmen. Bygelyks yn de oalje- en brânstofprizen dy't de ôfrûne dagen op 'e nij omheech gien binne.
It is dizze dagen byskeakeljen foar oalje- en brânstofleveransier Veenema yn Snits. "We hawwe rekôromsetten op ús tankstasjons", seit direkteur Harold Veenema.
It liket no wol de drokste tiid fan it jier foar syn bedriuw. "Sels ús ekstra planner sit no op in auto, omdat we it oars net fuortkrije. We binne ynnovatyf dwaande om dit op te lossen."
Oan'e pomp slaan minsken brânstof yn
De oarsaak fan dit alles is de ûnrêstige situaasje yn it Midden-Easten, wêrtroch't de trochgong nei de Perzyske Golf ôfsletten is. Skippen mei foarrieden sitte dêrtroch fêst en komme net oan by de ôfnimmers.
Ferskil is grut
Dy ôfsluting hat fuortendaliks effekt op de ynternasjonale yndeksen fan de ferskate brânstoffen.
It ferskil mei freed - de dei foar de oanfallen - en no is op dy yndeks grut. "Foar benzine sit dat op 10 sint en op disel 17 sint", wit Veenema.
Dat ferskil tusken benzine en disel hat mei de foarrieden hjir te krijen, mar ek mei it feit dat de grûnstoffen dêrfoar benammen út it Midden-Easten wei komme.
Hamsterje
Veenema sjocht dat konsuminten benaud binne dat de prizen de kommende tiid noch fierder omheech sjitte. "Mar hamsterjen is echt net nedich", seit er mei klam. "We hawwe mear as genôch."
Hy is bliid mei de rekôromsetten, mar seit dat it in fertekene byld wêze in. "Gewoanwei is dizze omset ferspraat. As minsken no tanke, komme se in skoft net. Dêr hast net folle oan."
As ûndernimmer hat er besletten om ek net in ekstra foarried yn te slaan. "It is hiel ûnwis. It kin sa alle kanten út gean."
It is de safolste krisis yn koarte tiid foar oalje - en brânstofleveransiers. Yn de coronatiid wie der krekt in soad oanbod en net in soad fraach. De oarloch tusken Oekraïne en Ruslân levere in ferlykbere situaasje op as no.
"Dat hat frij lang duorre en is úteinlik ek oplost. Wat dat oanbelanget steane wy de posityf yn, omdat ik net tink dat dit in mearjierrige oarloch wurdt as yn Oekraïne."