Omrop Fryslân

Sander Terphuis sjocht mei spanning nei ûntwikkelingen yn heitelân Iran: "Leef in shock"

Sander Terphuis
© Omrop Fryslân
Sander Terphuis út Dantumadiel libbet al 48 oeren yn shock nei de oanfal fan de Feriene Steaten en Israel op syn heitelân Iran. "Ik hoop dat er vrijheid komt in mijn land."
Terphuis flechte op syn achttjinde út Iran wei nei Fryslân, letter feroare er ek syn namme. "Toen zag ik al dat een leven zonder vrijheid en met angst niet kan. Ik moest alles achterlaten. Maar het land blijft toch in je hart, het laat je niet los."
En dus stiet de telefyzje yn huze Terphuis konstant oan. Op CNN of BBC, om mar neat te missen fan de situaasje.
Doe't de oarloch saterdeitemoarn begûn, waard Terphuis wekker fan alle appkes dy't er krige.
Terphuis wol konstant op de hichte bliuwe fan de situaasje yn Iran
© Omrop Fryslân
"De afgelopen 48 uur kan ik geen rust vinden. Ik kan niet goed slapen. Ik leef met een soort gevoel van shock: kan het nu gebeuren dat het regime valt? Dat is echt wat mij steeds achtervolgt."

Famylje somtiden net te berikken

Terphuis syn famylje is noch yn Iran en in grut diel moast de haadstêd Teheran al ûntflechtsje fanwege de bommen dy't dêr falle. "Mijn familie snakt naar een vrij Iran en de val van het regime. Zij voelen zich ook onveilig."
De reden waarom het Iraanse volk de straat opgaat is omdat zij strijden voor de waarden die wij in het westen zo hoog in het vaandel hebben.
Sander Terphuis
Kontakt mei de famylje is somtiden dreech. It ynternet en telefoanferkeer is sa goed as platlein. "Dat voelt heel pijnlijk, je bent machteloos. Het regime onderdrukt de mensen. Het voelt heel naar."

Stim fan Iraniërs

Terphuis besiket hjir yn it westen de stim fan de Iraniërs te wêzen dy't se sels net hearre litte kinne.
"De reden waarom het Iraanse volk de straat opgaat is omdat zij strijden voor de waarden die wij in het westen zo hoog in het vaandel hebben: rechten voor vrouwen, homorechten, vrijheid van spreken, van geloven. Hun strijd is ook onze strijd."
Iran is hjir en dêr fertsjintwurdige yn it hûs fan Terphuis
© Omrop Fryslân
Wylst Terphuis absolút gjin foarstanner is fan de aginda fan Donald Trump en Benjamin Netanyahu, hopet er wol dat de oanfal feroaring teweech bringe kin. Want it Iraanse folk sels, slagget dat net.
"Die gaan de straat op, maar worden doodgeschoten. Het regime is heel wreed. Daarom vind ik het goed dat Trump en Netanyahu de stap hebben gezet. En ik hoop dat het uiteindelijke doel is het regime te verwijderen en de vrijheid terug te brengen."

Feestfiere

Hoewol't Terphuis dus al sa'n 35 jier yn Fryslân is, sit de leafde foar Iran noch djip. "Ik heb ook mooie herinneringen aan het land, daarom vind ik het zo afschuwelijk dat het misdadige regime zoveel dingen verkwanselt."
"Ik hoop dat het snel gaat vallen, dan kan ik weer een keer terug naar het mooie Perzië om met mijn dierbaren feest te vieren."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.